Hoofdtekst
By de plaets fan Jan Gabes de Vries op it Wytfean stienen eartiids linebeammen foar de gevel. It woarde tiid dat dy wer opsnoeid wurde moesten.
Op in nacht sei de frou tsjin 'e boer: "Hark, sy saegje ek wer yn 'e linebeammen om."
De boer tochte: "Dizze kear sil se ris gjin gelyk krije." Hy sei tsjin 't folk: "De linebeammen matte bihimmele wurde, mar der mei net sage wurde. De takken wurde kapt." Hy woe de frou forbluffe.
De arbeider krûpt mei de leider yn 'e beam op. Hy sil de beam ynkoarte. Dat docht er mei de bile. Mar der is ien tokke, dy is hwat to fier fan him ôf. It handicht him net mei de bile.
Hy tocht: "Nou krij ik de sage."
Wylst er oan 't saegjen wie, sei de frou: "Hark, hearst it wol? Sy saegje yn 'e linebeam om."

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een vrouw hoorde altijd vantevoren dat de lindebomen omgezaagd werden. Op een nacht had ze het weer gehoord. Haar man wilde haar ongelijk geven, en gaf de opdracht de boom niet te zagen, maar te hakken. Maar toen de arbeider niet bij een tak kon, pakte hij de zaag, en kreeg de vrouw toch nog gelijk.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 877, verhaal 19
Commentaar
31 augustus 1971
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Jan Gabes de Vries   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Witteveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21