Hoofdtekst
Jehannes Tabak en heit wienen oan 't wurk yn Dútslân.
Heit wie al troud, Jehannes wie noch frijgesel. Jehannes sei tsjin heit: "Sille wy ris nei de waarzegster ta?" 't Wie op in snein. "Goed", sei heit.
't Wie in kaertlizter. Sy sei tsjin him: "Ast thús komste, mast oer in plak heide. Dêr rinne allegear paedtsjes oer. Dêr mastû lâns. Dû silst op ien fan dy heidepaedtsjes in frou moete. Dat is it earste frommeske datst tsjinkomst. Dat sil dyn wiif wurde." 't Is krekt sa útkom. Hy is der mei troud.

Beschrijving
Een waarzegster zei eens tegen een man dat hij op de terugweg over de hei een vrouw tegen zou komen en dat hij met haar zou trouwen. Dat is uitgekomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 877, verhaal 20
Commentaar
31 augustus 1971
Naam Overig in Tekst
Jehannes Tabak   
Naam Locatie in Tekst
Dútslân   
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21