Hoofdtekst
Knjillis Wytses wie in wonderdokter yn Sumar. Hy wie wiid en siid bikend en hat in protte minsken holpen troch syn kundichheit.
Der hat ris in frommes by him west, dy hie in hier trochslokt. Hja hie hier op 'e mage. De dokters wisten dêr gjin ried mei. Opereare dienen se doe noch net. Doe gong se nei Knjillis Wytses ta.
Doe't se alles forteld hie sei Knjillis Wytses: "Jo matte mar even wachtsje op dy stoel dêr. Jo ha al in hiele reis hawn, jo matte mar in broadtsje ha." Doe brocht er har in skoft letter in broadtsje.
Hja mocht der net tusken sjen. Doe't se 't op hie, frege er: "Hat it jo hwat smakke?"
"Och, hwat sil 'k sizze," sei se, "der wie net folle smaek oan."
"Dat sil 't ek wol," sei Knjillis Wytses, "dêr sieten stienkrobben tusken dat broadtsje." Doe't it minske dat hearde moest se kokhalzje en dêr wie it Knjillis Wytses krekt om bigong.
Hja koarre alles út mei de hier derby. Doe wie hja genezen.

Beschrijving
Een vrouw had een haar doorgeslikt, en die lag haar niet prettig op de maag. De gewone artsen konden niets voor haar doen, dus ging ze naar een wonderdokter. Die liet haar overgeven, en toen voelde de vrouw zich weer een stuk beter.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 883, verhaal 1
Commentaar
12 september 1971
Naam Overig in Tekst
Knjillis Wytses   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Suameer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21