Hoofdtekst
Der stie in doomny yn Aldegea, dy bipreke ek Nyegea.
Dêr woarde hy altyd hinnebrocht yn 'e glêzen wein troch Eeltsje Herder fan Aldegea. Syn achternamme wie Hoekstra.
Doomny stapte altyd achter yn 'e wein en dan sei er:
"Klaar, Hoekstra." En dan lei Eeltsje de swipe oer de rêch fan 't hynder en dêr ried it hinne, op Nyegea yn.
Der wenne in jongfeint yn Aldegea, dat wie in potsjemakker. Oetse Biis neamden se him. Dy hie gauris fan doomny heard, dat er sei "Klaar Hoekstra."
Op in kear moest doomny wer mei Eeltsje ride. Eeltsje stie to wachtsjen mei de wein.
Doe stapte Oetse stikum achter yn 'e glêzen wein en hy sei: "Klaar Hoekstra." Hy boatste doomny syn stim safolle mooglik nei. Dêr ried Eeltsje hinne. Mar Eeltsje kom allinne yn Nyegea oan, sûnder doomny en sûnder Oetse. Oetse hie ûnderweis makke dat er út 'e wein kom, sa bihindich mooglik, dat Eeltsje it net fornom.

Beschrijving
Een man bootste eens de stem van de dominee na, zodat de koetsier zonder hem met de koets begon te rijden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 896, verhaal 1
Naam Overig in Tekst
Eeltsje Herder   
Hoekstra   
Oetse Biis   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Nyegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21