Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ091801

Een sage (mondeling), vrijdag 01 september 1972

Hoofdtekst

Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk.
Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr.
"Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht brânnen; krekt as fan in petroaljelampe, dy't troch 't finster hinne ljochtet.
"Gjin sprake fan," sei Brant, "hoe komst der by."
"Nou," sei 'k, "der brânt ommers in ljocht."
"Der ìs gjin ljocht, jonge", seinen Brant en Mintsje tagelyk.
"Ik sjoch it dúdlik," sei 'k, "sjoch dan sels."
Mar hja koenen gjin ljocht gewaer wurde.
Ik seach it ljocht letter wer, faker as ien kear. Mar de oaren koenen it net sjen.
Sa'n twa, trije jier letter setten se dêr twa nije huzen del.
Yn 't iene kom in sekere Helder to wenjen, dy wie doe krekt fan Dútslân werom kom. 't Gebeurde sahwat yn 1918.


Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een jongeman zag op een bepaalde plek soms een lamp branden. Anderen zagen niets. Later zijn er twee nieuwe huizen gebouwd.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 918, verhaal 1

Commentaar

1 september 1972
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Naam Overig in Tekst

Brant Pool    Brant Pool   

Mintsje    Mintsje   

Drachtster Compagnie    Drachtster Compagnie   

Naam Locatie in Tekst

Vonk    Vonk   

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Helder    Helder   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21