Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094705

Een sage (mondeling), vrijdag 06 oktober 1972

Hoofdtekst

Der wie ris in boer, dy krige ûngetiders. It wie tige drok yn 'e heatiid. Dy ûngetiders moesten swylje. De boer sei tsjin 'e mannen: "Jimme matte alle hea nei de kant ta swylje." Dat like dy arbeiders nuver ta. It wie altyd de gewoante it hea nei de midden ta to swyljen. Mar omdat de boer it sa ha woe, swilen se nei de kanten.
Der wie ien arbeider by, dy wie hwat dryster as de oaren. Dy tocht: "Nou woe 'k dochs wolris wite hwerom't wy krekt oars swylje as de gewoante is." Hy sei tsjin 'e boer: "Hwat merakels binne dat? Oars swylje wy altyd nei de midden ta." Doe sei de boer: "Ik ha fan 'e moarn de waerbirichten foar de radio heard. Se seinen: - In het midden van het land regen -."


Onderwerp

TM 8066 - Regen in het midden van het land    TM 8066 - Regen in het midden van het land   

Beschrijving

Een boer gaf de maaiers eens opdracht om het hooi naar de kant van het land te brengen, in plaats van naar het midden. Dit omdat hij gehoord had dat het in het midden van het land zou gaan regenen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 947, verhaal 5

Commentaar

6 oktober 1972
Regen in het midden van het land

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21