Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097414

Een mop (mondeling), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Elk yn syn fak.
Dokter Siebenga fan de Pein hie ek klanten yn Earnewâld sitten. Mar doe kom der in nije dokter yn Garyp to wenjen; dat wie in grifformearden ien. De oare hienen se der weipest.
Doe wenne der in grifformearde frou yn Earnewâld, dy woarde altyd troch dokter Siebenga bihandele, mar doe't der in grifformearde dokter yn Garyp kom, gong se dêr ta oer.
Doe't Siebenga by har kom, sei se: "Wy wolle fan dokter foroarje. Wy nimme nou dokter Groenevelt fan Garyp, dy is fan ús kleur." "Goed," sei dokter Siebenga, "dan krij ik dy medesinen dêr mar wer wei." En hy nom se mei nei hûs ta. Hy kom doe net wer by dat minske.
Groenevelt sette tonei de reis nei dat sike minske ta.
In wike of trije letter wie ien fan 'e buorlju fan dat minske siik. Dy hienen dokter Siebenga noch, dat dy lieten se komme.
Doe't Siebenga klear wie stie de man fan dat sike minske him op to wachtsjen by de hoeke fan 'e stege.
Hy sei: "Kin dokter ek even by myn frou komme?"
"Né," sei dokter Siebenga, "ik kom net by jou frou."
Hy gong nei in oare pasjint ta, in eintsje fierder. Doe tocht er: ik mat dochs noch mar efkes by dat sike minske sjen. Hy sei: "Hwerom woenen jim dy grifformearde dokter ha?" "Dy is fan ús kant," sei 't minske, "mar ik bin sûnt folle minder. Kin dokter my ek helpe?"
Hy sei: "Minske, jo ha forkearde medesinen hawn. Jo binne in stik achterút rekke. Ik kin jo wol wer hwàt better krije, mar net hielendal. Jo binne al to bot forgiftige."
Hy sei tsjin har: "Lit dokter nou tonei mar mei de kwael rêdde en doomny mei de siele."

Beschrijving

Toen er een nieuwe, gereformeerde dokter in Earnewald kwam, wilde een van dokter Siebenga's patienten overstappen. Dit was echter geen succes. Toen Siebenga weer eens bij haar ging kijken, bleek dat ze de verkeerde medicijnen had gekregen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 974, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973

Naam Overig in Tekst

Dokter Siebenga    Dokter Siebenga   

dokter Groenevelt    dokter Groenevelt   

Naam Locatie in Tekst

Pein    Pein   

Earnewald    Earnewald   

Garyp    Garyp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21