Hoofdtekst
Der wie ris in kear in arbeider, dy hie twa kij. Op in snein-to-moarn kom er yn tsjerke. Hy harke tige nei de wurden fan 'e doomny. Doe sei dy doomny yn syn preek: "Wie er twee heeft, moet er één geven. Hij krijgt het tienvoudig terug."
Doe tocht dy arbeider: "As dat sa is bring ik myn koe by doomny." Doomny hie sels njoggen kij yn 't lân rinnen. Hy mei de koe nei doomny ta en sei: "Asjybleaft."
De doomny wie der wol mei ynnom en de koe rekke by de oare njoggen yn 't lân. Doe hie doomny tsien kij.
Mar dy koe fan 'e arbeider bruts er dy nachts út en roan wer nei 't hiem fan syn âlde baes ta. En de njoggen kij fan doomny sette him nei. Dat de oare moarns hie de arbeider mar even tsien kij by him om 'e doar rinnen.
De doomny hie dus wol gelyk krigen.

Onderwerp
AT 1735 - "Who Gives his Own Goods shall Receive it Back Tenfold"   
ATU 1735 - “Who Gives his Own Goods Shall Receive it Back Tenfold.”   
Beschrijving
Een arbeider was in het bezit van twee koeien. Op een zondag was hij in de kerk. De dominee vertelde dat wie iets weggaf, het tienvoudige terug zou krijgen. Daarop bracht de arbeider een van zijn koeien naar de dominee. Die zette het beest bij zijn andere negen koeien in de wei. 's Nachts ontsnapte de koe en liep terug naar zijn oude baas. De negen koeien van de dominee volgde hem: wat de dominee gepreekt had was dus uitgekomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 976, verhaal 18 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
25 januari 1973
"Who Gives his Own Goods shall Receive it Back Tenfold"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:22