Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098102

Een mop (mondeling), dinsdag 06 maart 1973

Hoofdtekst

Der wie in bakker, dy hie in papegaei.
Froeger kamen de kommizen by de bakkers lâns om it breaspul to wegen. Dat moest syn gewicht ha.
De bakker sei altyd tsjin 'e feint: "De lichte broadtsjes achter yn 'e oven, baes." Dat dienen se altyd, dat wienen se sa wend. Dat fornamen de kommizen net.
Mar de papegaei hie dat al in kear of hwat heard.
Op in kear doe wienen de kommizen der wer.
Doe sei de papegaei ynienen: "De lichte broadtsjes achter yn 'e oven, baes."
De bakker waerd sa lulk, dat hy pakte de papegaei en smiet him mei kouwe en al bûtendoar. Dat doe rekke de papegaei út 'e kouwe, en de kat pakte him. Dy hie him yn 'e bek en soe der mei fuort.
Njonken de bakker wenne de skoalmaster, en dy wie krekt yn 'e tún oan 't wurk. Sa't de kat dêr lâns roun mei de papegaei yn 'e bek, seit de papegaei tsjin master: "'t Gaat snel, meester Jan."

Onderwerp

VDK 0237A* - De lichte broden    VDK 0237A* - De lichte broden   

Beschrijving

Bij een controle verklapt de papegaai van de bakker dat de lichte broden achterin de oven liggen. Uit woede gooit de bakker de papegaai met kooi en al naar buiten. De kat kreeg de papegaai te pakken. De kat liep langs de schoolmeester, die in de tuin aan het werk was. De papegaai zei tegen hem: " 't Gaat snel, meester Jan."

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 981, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 maart 1973
De lichte broden

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21