Hoofdtekst
Der wienen twa poepen by in boer yn 'e ûngetiid. 't Wie sutrich, reinich waer. Doe sei de iene poep tsjin 'e oare:
"As de boer ús nou aensens wer der op útstjûrt to stiensykjen, dan liz ik binnen 'e ûre yn 'e boer syn bêd mei syn himd oan."
De oare sei: "Dat rêdst net op."
"Tink der mar ris om", sei de oare.
Nei 't breaiten sei de boer tsjin 'e beide poepen: "Jimme matte to stiensykjen."
Doe sei dy iene poep: "Boer, dêr komme ûngemakken fan, hwant ik kin net yn 't stokramt." (Hja moesten nei 't lân mei de kroade, de stiennen opsykje en dy yn 'e kroade lizze).
De boer sei: "Dû mast."
Doe gongen se nei de skuorre, elk om in kroade. De kroaden stienen op it plak dêr't altyd tursken waerd.
De iene poep krige de kroade beet en ried him ta de lytshúsdoarren út, bats tsjin 'e lytshúsmuorre oan. Dat it sydstik wie al út 'e kroade wei. Doe kroade er by de hounen lâns. Dy skeaten los en hienen in gewelt fan je heisa. Doe fleach de poep mei de kroade by 't hinnehok lâns. Alle hinnen rekken los en stouden withwer hinne. Doe remaeide er mei de kroade by de faem yn 'e molkbussen en amers om, dat alles foel om en rolle fuort. En in leven! Doe rekke er mei de kroade tsjin 'e boer oan, dy foel mei de rêch yn 'e drek. Doe die er in slach om 'e pleats hinne, mei fûle faert.
De boer sil him keare mei in hikke, mar de poep fljocht der by lâns en rekket yn 'e sleat. Mei klean en alles, mar mei de holle noch boppe wetter.
Sy hellen him der út, mar de man hie gjin forskjinning by him. Dêrom krige er 't himd fan 'e boer oan en in pear slokjes der oerhinne fanwege 't kjeldskypjen yn 't kâlde wetter.
Sa rekke er yn 'e boer syn bêd, dêr't er him rêstich del joech.

Beschrijving
In de hooitijd moesten twee maaiers van de boer stenen zoeken. De ene maaier had voorspeld dat hij later met het hemd van de boer in het bed van de boer zou liggen. Tijdens het zoeken van stenen had de man een grote reeks van ongelukken en botsingen met de kruiwagen. Uiteindelijk kwam hij in de sloot terecht, en mocht hij inderdaad met het hemd van de boer in het bed van de boer liggen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 981, verhaal 24 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 maart 1973
Naam Overig in Tekst
Poepen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21