Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098142

Een sprookje (almanak), dinsdag 06 maart 1973

Hoofdtekst

Oan 'e sédyk stie in café. Dêr kamen altyd in soad sélju en dy fortelden dêr sterke forhalen. De kastelein sei altyd, as ien sa'n forhael forteld hie: "'t Kin hiel wol wier wêze." Dy leaude blykber alles.
Der wienen trije man, dy hâldden in weddenskip. Hwa fan 'e trije sà'n forhael fortelle koe, dat de kastlein sei: "Dat liichste", dy hie it woun.
De earste rekke oan 't forhael. Hy sei: Der wie in hiele greate tún. Dêr hienen se in koal yn boud, achterhûs. Dat waerd in hiele grouwe koal.
Doe't dy koal klear wie moast hy der út en sean wurde. Mar dêr wie net sa'n greate tsjettel, dêr't dy koal yn koe. Dêr moast apart in tsjettel foar makke wurde.
Sawntich man rekken der oer gear om dy tsjettel to meitsjen. By it meitsjen fan dy tsjettel stienen de klinkers sa'n ein fan elkoar ôf, dat hja koenen de oaren net iens klinken hearre.
Doe moast der apart in kok om utens wei komme om dy koal to sieden. Dy kok hie noch noait sa'n greate koal sean. Hy die der hwat ryklik sâlt yn, dat de koal waerd hwat oan 'e hartlike kant.
De hiele buert hie al fan 'e koal iten, mar nòch wie de koal net op. Noch lang net. Mar dêr wenne yn 'e buert in greate reus. En dy iet alles hwat der noch oer wie skjin op. Dat wie noch mear as de helte. Mar trochdat der hwat ryklik sâlt yn dy koal rekke wie krige de reus toarst en doe gong er nei de Haerlemmer Meer ta en dy dronk er hielendal leech. Mei dat drinken krige er hwat yn 'e holle kies. Dêr krige er pine yn 'e mûle fan.
De ljedder waerd der by helle om to sjen hwat dêr yn dy kies siet. Doe siet dêr in matroas yn. Dy wie der ynkaem doe't er al dat wetter opdronken hie. Hja hellen dy matroas der út -
Doe wie de iene man syn forhael lâns.
Mar de kastlein sei, it koe hiel wol wier wêze.
Doe rekke de twadde man oan 't fortellen. Hy hie net folle moed, mar der moast doch mar in slim set fan wêze. De twadde fortelde:
Ik haw ris yn in fremd lân west. Dêr wie yn dat lân in fûgel, dy fleach foar de sinne lâns en dy fûgel wie sa great, dat it wie der trije dagen oanien roettsjuster fan.
Doe wie dy fûgel op 'e groun sitten gong en dêr hied er in aei lein. Dat aei lei dêr hwat yn 't paed en doe rekke dêr in bataljon soldaten hinne (tûzen man) om dat aei oan kant to lizzen.
Mar trochdat se hwat hurdhandich wienen briek dat aei en dy tûzen man forsûpten allegear yn 'e djirre. Doe wie de twadde syn forhael út.
Mar de kastlein sei, it koe hiel wol wier wêze.
Doe moast de trêdde noch oan 'e gong.
Dy hie ek in tún thús en dêr hied er in beantsje yn boud. Neidat er in séreis makke hie wie dat beantsje opkom en dêr wie in plant út opsketten. En dy plant wie sa great dat hy koe de top fan dy plant al hast net iens sjen. Mar hy tocht: ik wol dochs ris witte hoe heech dat ding is.
Dat, ik klom der yn, sei er, mei twa dagen iten op 'e rech. Hwant ik hie wol yn 'e gaten dat ik net sa gau boppe wêze soe. Ik hie 't wol aerdich goed birekkene. Doe't ik twa dagen klommen hie wie 'k sahwat yn 'e top. Mar dêr waerden de tokken sa min, dat se koenen my net hâlde en doe foel ik der út. Ik foel boven út dat beantsje wei. En doe foel ik tsien stek yn 'e groun.
Der wie net in minske dy't it sjoen hie en hwat soe 'k doe oars. Ik bin nei hûs ta gong en ik haw in leppe ophelle en doe ha 'k my dersels útdold.
Doe sei de kastlein: "Ja, mar dàt liichste!"
De trêdde forteller hie de weddenskip woun.

Onderwerp

AT 0852 - The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."    AT 0852 - The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."   

ATU 0852 - Lying Contest    ATU 0852 - Lying Contest   

Beschrijving

Drie mannen in een kroeg hielden een weddenschap. De kastelein geloofde alles, en deze mannen wilden de kastelein een verhaal vertellen dat hij niet zou geloven. Hij moest zeggen: "Dat lieg je." De eerste man vertelde een verhaal over een enorme kool, en een reus die een matroos in zijn holle kies kreeg. De kastelein vond dat het wel waar kon zijn. De tweede man vertelde dat een gigantische vogel een ei legde. Toen dat brak verdronk er een bataljon soldaten in het struif. Ook dit vond de kastelein niet ongeloofwaardig. De derde man vertelde over een enorm hoge plant in zijn tuin. Hij klom erin en aan de top viel hij er weer uit. Hij kwam toen onder de grond terecht. Hij ging toen naar huis om een schop te halen en groef daarna zichzelf uit. "Dat liegje!" zei de kastelein, en de derde man won de weddenschap.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 981, verhaal 42 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 maart 1973
The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."

Naam Overig in Tekst

Haerlemmer Meer    Haerlemmer Meer   

Haarlemmer Meer    Haarlemmer Meer   

Naam Locatie in Tekst

Sedyk    Sedyk   

Zeedijk    Zeedijk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22