Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099703

Een mop (mondeling), donderdag 29 maart 1973

Hoofdtekst

It gebeurde yn Dokkum yn 'e tiid dat se noch in muorre om 'e stêd hinne hienen.
Der moest in karweike yn 'e stêd gebeure. Dêr moesten se in balke ta brûke, in lang ein. In man of fjouwer wienen der mei beuzich. Hja droegen de balke mei elkoarren op 'e nekke, mar hja koenen him net troch de poarte krije. Hja hâldden him der dwars foar. Hja dienen har uterste bêst. 't Joech neat. De balke krigen se der net troch.
Doe seagen se om har hinne. Doe seagen se in fûgel fleanen mei in strie yn 'e bek. Dêr fleach dy fûgel mei nei 't nêst ta, dat ûnder 'e pannen siet. Hy hâldde de strie achter him oan en sleepte dy sa ûnder 'e pannen.
Dat seach ien fan dy mannen. Hy sei: Sjoch, sa matte wy 't ek dwaen.
Doe swaeiden se meielkoar de balke en doe krigen se him troch de poarte.

Onderwerp

AT 1248 - Tree-trunks Laid Crosswise on the Sledge    AT 1248 - Tree-trunks Laid Crosswise on the Sledge   

ATU 1248 - Tree-trunks Laid Crosswise on a Sledge    ATU 1248 - Tree-trunks Laid Crosswise on a Sledge   

Beschrijving

Vier mannen moesten een lange balk door de stadspoort krijgen, maar dat lukte niet omdat ze de balk steeds dwars voor de poort hielden. Toen zag een van hen een vogel met een strootje in de snavel. Zo kwam hij op het idee de balk overlangs door de poort te dragen, en dat lukte.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 997, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 maart 1973
Tree-trunks laid crosswise on the sledge

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21