Hoofdtekst
Op in moarn sei myn suster: "O, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn!"
"Hoe dat sa?" seinen wy. Wy seagen wol dat se hwat fan 'e wize wie. "Ik ha droomd," sei se, "dat Jehannes Boom wie dea. Ik seach foar myn egen dat er stoar. It wie allegear sa dúdlik."
"Fanke," seinen wy, "hoe komst der by? Jehannes Boom skeelt ommers neat."
Op 'e neidei kom Jehannes Keimpema fan Earnewâld der oan farren mei syn skip. Hy kom fan 't jirpelfabryk to Huzum en soe nei Apelsgea om nije lading.
"Ik ha in raer boadskip," sei er, "Jehannes Boom is samar ynienen stoarn." (Jehannes Boom wie in skipper, ôfkomstich fan Eastemar en bisibbe oan Rommert v.d.Meer.)
Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jehannes Boom   
Jehannes Keimpema   
Eastemar   
Rommert van der Meer   
Naam Locatie in Tekst
Petersburch   
Donkerbroek   
Huzum   
Earnewald   
Apelsgea   
