Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ100212

Een sage (mondeling), donderdag 12 april 1973

Hoofdtekst

To Grou wenne in boer mei syn frou. Hja hienen ek feinten en fammen, hwant it wie in greate boer. Op in joun wienen de boer en de boerinne der op út to praten. Ien feint en ien faem bleauwen thús. Doe moest dy faem noch hwat brûke, dat yn it doarp to krijen wie. Hja stjûrde de feint dêr hinne. 't Wie tsjuster. De feint moest oer in draei, dy lei oer in brede sleat. Doe't er dêr wie, siet der hwat wyts op 'e draei. Dat gong net oan kant doe't de feint der lâns moest. Doe joech dy feint in skop tsjin dat wite ding oan, dat dat tûmele yn 'e feart.
It wie sa: de feinten en fammen fan 'e boer woenen him bang meitsje. 't Wie ôfsprutsen spul. Dêrom hie de faem him nei de buorren stjûrd om hwat to heljen. Ien fan 'e oare feinten hie in wyt lekken omslein en wie sa op 'e draei sitten gong. Mar doe't dy yn 'e feart skopt waerd, rekke er yn 't lekken fortiisd en fordronk.
Op 't lêst kom de feint wer thús nei't er syn boadskip yn 'e buorren dien hie.
"Hastû ek hwat sjoen ûnderweis?" fregen se.
"Né", sei de feint. Mar op 't lêst sei er: "Der siet al hwat op 'e draei. Dy ha 'k der by del skopt."
Doe binne se dêrhinne gien to sjen. Mar doe wie dy feint al dea.
Dit is wier gebeurd yn Grou.

Onderwerp

VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder    VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

Beschrijving

Toen de boer en zijn vrouw een avond uit waren, besloten de knechten een grap met een van hen uit te halen. Die werd weggestuurd om een boodschap. Onderweg bij de draaikolk zag hij iets wits dat maar niet verdween. Hij schopte het het water in. Later bleek het een van zijn collega's te zijn, met een laken om zich heen. Ondertussen was de verklede knecht al verdronken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1002, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

12 april 1973
Spookspelen: het spook op de vonder

Naam Locatie in Tekst

Grou    Grou   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21