Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ100812

Een sage (mondeling), maandag 07 mei 1973

Hoofdtekst

It wie Piters Willemke har dochter dy't de pânse achterliet en har yn in klok mei pykjes foroare.
In suster fan har wenne tichte by dat minske. Dy har jonge dy sukkele. Alle dagen kom de tsjoenster hast by har om to sjen hoe't it mei de jonge gong. Op in kear moest se in boadskip dwaen, wit hoe fier fuort. 't Wie wol in healûre rinnen, mar sy kom like goed by 't sike bern, hwant doe wied er hiel min. Mar doe't it bern stoar kaem se net.
Hja hat dêr nei de dea fan dy jonge noait wer west. En doe't it bern dea wie, wie 't sa slop as in flarde. Men koe him gewoan oprolje. Wol in biwiis dat it bern deatsjoend wie.
By dy dochter fan Piters Willemke doarst ik net to kommen.
As men hwat opyt by in tsjoenster mat men de earste hap net trochslokke. Dan kin der jin neat fan oerkomme.
De krânsen út it kessen moesten forbrând wurde. Dêr woe de tsjoenster by wêze.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

De dochter van Willemke liet een pens achter en veranderde zichzelf in een kip met kuikens. De heks kwam elke dag kijken bij een ziek kind. Maar toen het stierf kwam ze niet. Het dode kind was zo slap dat je het kon oprollen, het moest dus wel doodgetoverd zijn. Als je iets eet bij een heks, moet je de eerste hap niet dooslikken, dan kan er niets gebeuren. De kransen in de kussens moesten verbrand worden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1008, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

7 mei 1973
Heks maakt kind ziek

Naam Overig in Tekst

Piters Willemke    Piters Willemke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21