Hoofdtekst
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se nuddels yn dwaen. Dy nuddels moesten mei siede.
Doe't dat gebeurde sei dy duvelbanster: "Tink der mar ris om. 't Alde farken komt aenst foar 't glês."
En hja krige gelyk. In skoftsje letter, dêr kom in âld minske foar 't glês. "Hoe is 't mei 't famke?" frege se.
"Gean mar gau werom", sei beppe.
"Ja, mar ik ha in hiele moaije apel foar har", sei 't âld-wiif en hja liet de apel sjen.
Mar sy ha har der net yn litten. De duvelbanster sei tsjin beppe: "Tink der om, jo matte skerp op 'e fuotten stean. Hja mei der bislist net yn, hwant as jimme bern dy apel oannimt of as it wiif har mar in hân tastekt, reitsje jimme it bern kwyt. Dan mat it stjerre."
It minske hat der net yn west en it bern waerd wer better.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Grootmoeder had een dochtertje dat niet goed was. Ze huilde maar en niemand wist wat hij er mee aan moest. Ten einde raad ging ze naar de duivelbanner. Die raadde aan water aan de kook te brengen boven de vuurpot en daarin noedels te koken. Het "varken" zou dan vanzelf aan het venster verschijnen. Inderdaad kwam er al gauw een oude vrouw voorbij, met een appel voor het kind, maar grootmoeder liet haar niet binnen. Vervolgens genad het kind.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1012, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
12 mei 1973
Heks maakt kind (mens) ziek
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21