Hoofdtekst
Der wie in frommes, dat wenne oan 'e Drachtster dwarsfeart. Dat frommes koe min mei har man oer de wei en sy woe him wol graech út 'e tiid helpe. Dêrom gong se nei David Flud ta, hwant dy hie altyd oeral in middel foar. Hja sei tsjin him: "Ik sil jo krekt sizze hoe't it sit. Ik kin sa min mei myn man, dat ik wol him forjaen. Hawwe jo dêr guod foar?"
"Wiswol," sei David Flud, "dêr wyt ik wol ried op. Ik jow jo guod mei, as er dat ynnimt, dan ha jo him samar dea. Jo jowe him moarns fan bêd ôf twa bakken mei in dikke laech fan dat guod der op. Dan is er mei in fjirtsjin dagen dea."
Doe joech David Flud har in poun poeijersûker mei.
't Wie fjirtsjin dagen letter. It minske hie gjin súkses hawn mei it middel fan David Flud. De man leefde as in hart fansels. Dy mocht dy bakken mei poeijersûker wol.
Doe gong dat frommes wer nei David Flud ta. Hja sei: "Jou middel helpt net."
Doe pakte David Flud har beet en sei: "Nou giestû mar mei nei de plysje ta."
It minske raesde moart en brân, hja woe nèt mei nei de plysje. Doe sei David Flud: "Goed, ik sil jo noch wol gean litte dizze kear, mar dû mast hjirom tinke: As der hwat mei dyn man gebeurt, dan komstû yn 'e gefangenis, hwant dan hastû him forjown. Dêr kin ik fan tsûgje."
Fan dy tiid ôf koenen dy man en dy frou goed mei inoar.

Beschrijving
Een vrouw en man leven in onmin met elkaar. De vrouw heeft er genoeg van en gaat naar David Flud in de hoop dat hij een middeltje heeft om van haar man af te komen. Die geeft haar een pond poedersuiker mee, waarvan ze elke ochtend een dikke laag op twee bakken moet aanbrengen. Na twee weken zou de man dan moeten sterven, maar dat gebeurt natuurlijk niet. Als ze terugkomt bij Flud wordt die boos en wil haar meenemen naar de politie. Zij wil niet, en hij zegt dat als hij getuigt tegen haar, ze naar de gevangenis gaat. Voor deze keer laat hij het zitten. De man en de vrouw zijn vanaf dat moment weer goed met elkaar.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1013, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
13 mei 1973
Naam Overig in Tekst
David Flud   
Naam Locatie in Tekst
Drachtster Dwarsfeart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21