Hoofdtekst
De sneins dêroan hâldde hy in preek. It wie in tige earnstige preek. Hy preke dat de iene minske moest om 'e oare minske tinke en it wie de plicht fan 'e minske om goed to dwaen. In minske die noait to folle goed foar in oar. Dy wurden makken gâns yndruk op 'e minsken fral op syn eigen frou.
De oare deis wie 't moandei. 't Wie moai waer en de doomny gong in eintsje to kuijerjen.
Yn dy tiid komt der in skoaijer by de pasterije. dy seit tsjin mefrou: "Ik haw in greate húshâlding. Wy ha sa'n honger en gebrek, dat wy soenen och sa graech hwat fan jo ha wolle."
Doe sei mefrou: "Dat treffe jo, man. Sjoch, wy ha krekt in baerch slachte. Nimme jo dy mar mei. Myn man hat juster sa'n earnstige preek hâlden, dat wy om in oar tinke moesten en net allinne om ús sels, dat ik handelje yn 'e geast fan myn man as ik jo de baerch meijow."
De skoaijer wie wòl sa bliid en naem de baerch mei.
Mar doe kom de doomny thús.
Hja sei tsjin him: "Nou haw ik fan 'e moarn in goeije daed dien. Der kaem in bidler by de doar, dy haw ik de baerch meijown."
"Hwat ding?" sei de doomny.
"Ja," sei se, "dû hast op 'e preekstoel sein dat wy moesten goeddwaen. Dat sadwaende."
Doomny wie razend.
"Dat wie foar de domme ezels," raesde er, "dat ik dat sei. Mar net foar ús soarte lju." Doe sei er: "Nou sil ik hjoed de hiele dei der op út en as ik dan nòch twa minsken fyn like dom as dû, dan meist it leven hâlde, mar oars meitsje ik dy dea." En doe't er dat sein hie, gong er fuort.
Doe't er in ein roan hie, seach er in boer oankommen.
Dy boer siet op in wein mei biten. Mar sels hied er in greate sek mei biten oer de nekke.
Doe sei de doomny: "Hwerom ha jo dy biten op 'e nekke?"
"Wel," sei de boer, "dan hat it hynder it ommers in hiel stik lichter."
"'t Is èk sa", sei de doomny, mar hy tocht: nou ha 'k dan ien minske foun, dy is noch dommer as myn wiif.
Doe roan doomny fierder.
Doe kom er op in plak, dêr wienen seis man dwaende om in kou oer in hekke hinne to tillen.
De doomny bleau der by stean en frege: "Hwat ha jim hjir eins by de ein?"
"Ja, sjoch," sei ien fan 'e mannen, "wy wolle dizze kou yn 't lân ha. Dêrom tille wy him oer de hekke hinne."
"Krekt," sei de doomny, "nou bigryp ik it." Hja wienen der to dom foar om de hekke iepen to meitsjen.
Doe gong de doomny werom nei de pasterije ta. En hy sei tsjin 't wiif: "Nou haw ik dan twa minsken foun, ja mear as twa, dy't nòch dommer binne as dû. Dat dû meist it leven hâlde."
Doe wie de frou sa bliid dat se sloech doomny de hannen om 'e hals.
Onderwerp
AT 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
ATU 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife.   
AT 1540 - The Student from Paradise (Paris)   
ATU 1540 - The Student from Paradise (Paris).   
AT 1242A - Carrying Part of the Load   
ATU 1242A - Relief for the Donkey   
SINAT 1212* - Der Mann steht auf dem Wagen mit einem Sack auf dem Rücken, um das Pferd zu entlasten   
VDK 1242A - Carrying Part of the Load   
SINAT 1384 - Der Mann sucht drei Menschen, die ebenso dumm sind wie seine Frau
  
VDK 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
