Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101618

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer, as dy jouns op bêd gong wie 't altyd gewoan wel te rusten en oars neat. Hy bimuoide him noait mei syn wiif, dat njonken him lei. Doe tocht dat minske op in kear: ik mat mar ris mei dokter prate as dêr ek hwat oan to dwaen is. Hja gong nei him ta en lei him de saek út.
Doe't de dokter alles heard hie sei er tsjin har: "Ik sil jo medesinen jaen foar jou man, dan komt it wol goed."
De dokter joech har pillen en dêr sette de frou mei nei hûs ta. Hja hoech har man sa'n pil.
Mar it holp neat. Dy nachts taelde de man like min as oare nachten nei syn frou.
Doe joech hja him mear pillen tagelyk. Fierstofolle.
Doe't er dy ynnom hie, snapte er al gau de frou.
Sjesa, tocht se, dit hat holpen. Mar fuort dêrnei snapte er de faem ek.
En doe't de frou bûtendoar kaem, siet er de skiep achternei, dy woed er ek in beurt jaen.
Doe tocht it minske: Dit giet de forkearde kant út. Nou mei ik wol wer nei dokter ta. Hja der hinne en de saek útlizze. Doe sei dokter: "Ik mat mar even mei jo mei. Dan matte wy der hwat oan dwaen."
Doe kamen se thús. De boer roan gelokkich net mear yn 't lân om, mar hy stie by de slypstien.
Doe sei de frou tsjin him: "Hwat hast nou by de ein?"
Hy sei: "Nou wol 'k der noch in punt op ha. Hwant dan sil de kanarje ek noch in beurt ha."

Beschrijving

Een boer ging in bed altijd meteen slapen zonder naar zijn vrouw om te kijken. Die kreeg er genoeg van en ging naar de dokter voor hulp. Ze kreeg pillen mee en gaf er een aan haar man. Het hielp niet. Toen gaf ze er een heleboel tegelijk. Dat had effect: hij greep direct zijn vrouw. Maar daarna pakte hij de meid, en ging verder met een schaap... De vrouw ging weer naar de dokter die meekwam naar huis. Ze trof haar man aan bij een slijpsteen. Dat was om er een punt aan te slijpen zodat hij ook de kanarie kon pakken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 18 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21