Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101619

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Hjir hat op 'e Dwarsfeart in boer wenne, dy hie in feint en in faem. Dy feint koe 't noait litte om nachts by de faem op bêd to krûpen. Jo kinne wol bigripe, hwerom.
Mar de faem krige dêr op 't lêst har nocht fan. Hja tocht: "ik sil sjen dat ik him dat ôfleare kin, hwant dit is to gek."
It wie yn novimbermaend, de slachtmaend. Dan waerden der altyd bargen slachte. De faem gong nei de bargeslachter ta en doe sei se tsjin him: "Nou mat ik it geslachtsdeel fan dy baerch aenst fan jo ha, as dat kin." 't Wie in grouwe mod dy't der slachte waerd.
"Dat kin gebeure", sei de slachter.
Doe gong hja dy jouns mei dy bargetroep op bêd. De feint kaem dy nachts wer by har; dy woe wer hwat mei har úthelje. Mar de oare moarns doe't er wekker waerd, seach er, dat er dy bargetroep om 'e lytse jonge hinne sitten hie.
Doe tocht er by himsels: "Bliksem, dit is net bêst. Nou haw ik dat ding fan har hjir sitten."
Hy moest dy moarns to melken en moest it keammerke fan 'e faem passeare. Doe kloppe er dêr op 't gleske en sei: "Tryn, ast mige mast, de kut leit yn 't hinnehok, hear!"

Onderwerp

VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek    VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek   

ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.    ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.   

Beschrijving

Een knecht kwam altijd 's nachts bij de meid totdat zij er genoeg van had. Ze ging naar een slachter en vroeg een varkensvagina. Die deed ze die nacht in, en toen de knecht de volgende ochtend wakker werd vond hij het ding om zijn penis heen. Hij schrok, en riep op weg naar het melken door haar raam: als je moet plassen, je vagina ligt in het kippenhok!

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 19 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
Penis gevangen met snoekebek

Naam Locatie in Tekst

Dwarsfeart    Dwarsfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21