Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101631

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Der stie in frou oan 'e kant fan 'e wei by de fyts. Hja stie foaroerbûgd en pompte de bân op. Dêr kamen twa manlju oan, dy seagen har dêr sa stean. Der wie mear to sjen as de skonken allinne. De iene sei tsjin 'e oare: "Hwat soe ik dêr moai op kinne op syn hountsjes."
Hja komme oan dy frou ta en sizze har goeije dag. Mar dy frou seit tsjin 'e manlju: "Ik ha heard hwat jimme dêr nyskes tsjin elkoar seinen. Dat ha 'k goed forstien hè?"
Dat koenen de manlju net ûntkenne.
Doe sei de frou tsjin 'e beide manlju: "Dy't dat nou sein hat, dy kin by my thúskomme."
De jouns gong deselde dy't it sein hie nei har hûs ta en hja liet him der yn. Yn 'e sliepkeamer gong hja foaroerbûgd stean. De man makke him al ré. It soe fuort mar wêze, mar doe sei se: "Né, wy ha sein: op syn hountsjes!"
Doe sei dy feint: "Hwat mat ik dan dwaen?"
Doe sei se: "Earst rûke."
Dat died er. En doe soe 't dan wèr wêze. Hy makke him al wer klear. Mar doe sei se: "Né, wy ha ôfpraet: op syn hountsjes. Nou mast earst slikje."
Dat die er ek. Doe soe 't dan wer wêze. Hy makke him hoe langer hoe hiter. Mar doe't it dan wêze soe, sei se: "Né, wy soenen it dwaen op syn hountsjes."
"Hwat nou dan wer?"
"Dû mast salang wachtsje oant ik loopsk bin", sei se.

Onderwerp

VDK 1693C* - Sex op z'n hondjes    VDK 1693C* - Sex op z'n hondjes   

Beschrijving

Een vrouw staat haar band op te pompen als twee mannen aankomen en met elkaar praten. De een zegt dat hij het graag op z'n hondjes met de vrouw zou willen doen. Zij heeft het gehoord en vraagt de man die avond naar huis te komen. In de slaapkamer buigt zij zich voorover en de man maakt zich klaar. Maar hij moet eerst ruiken, dan likken, en dan wachten tot ze loops is: immers ze zouden het op z'n hondjes doen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 31 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
Seks op z'n hondjes

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21