Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101632

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in âld minske, dat stie op 'e merk mei iel.
Der kaem in soldaet oan. In soldaet is altyd earm. Dy hat hast noait bûsjild. Sa wie 't ek mei dizze soldaet. Doe't hy dy rikke iel dêr lizzen seach krige hy der in ôfgrysliken sin oan en hy slikke him om 'e mûle, mar hy moest der wol ôfbliuwe, hwant hy hie net in sint by him.
Dy frou hie wol sjoen dat hy dêr sa bigearich nei seach, dêrom frege se him: "Mast ek net in boskje iel ha?"
"'k Woe wol guon ha," sei de soldaet, "mar ik ha gjin jild."
"Dû kinst in boskje iel oan my fortsjinje," sei 't âld-minske, "ast it riedsel oplosse kinst dat ik dy opjow."
"Hwat is dat foar in riedling?" frege er.
"Sjochstû," sei se, "ik ha griis hier op 'e kop, mar myn skaemtehierren dy binne swart. Astû riede kinst hoe't dat komt, krijstû in bosk iel."
"Né," sei de soldaet, "dat wit ik net; dat kin ik net riede."
"Nou," sei se, "dan sil ik it dy sizze. Fan boven ha 'k in protte prakkesaesje hawn, mar fan ûnderen hie 'k in protte wille." Hy krijt fansels gjin iel, hwant hy hat it net ret.
Doe gong er nei de kaserne ta en doe sei er tsjin syn kammeraet: "Ast in boskje iel gratis ha wolste by dat âld wiif op 'e merk en se jowt dy in riedsel op, dan mast tsjin har sizze dat se fan boven in protte prakkesaesjes hawn hat, mar fan ûnderen in protte wille."
De kammeraet dêrhinne. En it gong him krektsa as syn maet. Hja joech him itselde riedsel op. Loste er it op, dan krige er in boskje iel gratis. Hy joech it antwurd dat syn kammeraet him sein hie en miende al wis to wêzen fan it boskje iel.
Mar doe sei 't minske: "Né, dû hast it net ret."
"Nou," seit de soldaet, "hoe ha jo dat dan hawn, dat jo fan boven griis binne en fan ûnderen swart?"
"Wel," sei se, "dat komt omdat it bovenste âlder is as it ûnderste."

Onderwerp

AT 0921C - Why hair of head is gray before the beard    AT 0921C - Why hair of head is gray before the beard   

ATU 0921C - Why Hair of Head is Gray before the Beard.    ATU 0921C - Why Hair of Head is Gray before the Beard.   

Beschrijving

Een arme soldaat kwam op de markt en zag een verkoopster met paling. Hij had er trek in, maar had geen geld meer. Zij zei dat als hij een raadsel op kon lossen, hij ze van haar kreeg. Het raadsel was: hoe kwam het dat haar hoofdhaar grijs was, en haar schaamhaar zwart. De soldaat wist het niet. Ze zei dat dat was omdat ze aan haar hoofd altijd zorgen had, maar van onderen altijd alleen maar plezier. De soldaat ging snel naar de kazerne en vertelde een kameraad wat er gebeurd was. Ze besloten dat de ander het nu zou gaan proberen, ze wisten nu immers het antwoord. Maar toen de andere soldaat dit antwoord op het raadsel gaf, zei de vrouw dat het fout was. De oplossing was nu dat haar hoofdharen ouder waren dan haar andere haren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 32 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
Why hair of head is gray before the beard.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21