Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101633

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

't Wie yn 'e oarlochstiid.
Twa soldaten wienen kammeraten en dy gongen togearre nei Yndië ta. Nei forrin fan jierren kamen se werom en doe namen se elk in papegaei mei.
Doe't se thúskamen wie der in ûntfangstkomité op it stasjon, hwerûnder ek de doomny fan ien fan 'e jonges. De doomny sei tsjin dy iene soldaet: "Mast mar gau mei my nei hûs ta, dan krijst in lekker waerm bakje kofje fan 'e frou. Kinst dyn kammeraet ek wol meinimme."
Doe kamen se yn 'e pasterije. Se hienen har papegaeijen meinom.
Doe frege de doomny har of se de dieren ek hwat leard hienen.
Doe sei de iene soldaet: "Jawis al doomny. Ha jo sûkerklontsjes yn 'e hûs?"
"Jawol", sei doomny.
De soldaet sei: "Jow dy papegaei dêr mar ris ien fan."
Zo gezegd, zo gedaan. De doomny jowt it dier in sûkerklontsje. En doe sei dy papegaei: "Here, zegen dezen spijze."
Doe sei de doomny tsjin 'e oare soldaet: "Hat jowes ek hwat leard?"
"Jawis," sei dy, "jow myn papegaei ek mar ris in sûkerklontsje."
De doomny joech de oare papegaei ek in sûkerklontsje. De papegaei iet it fuort op en doe't er it bihimmele hie, sei er: "Godfordomme, hwat wie dat lekker."
Dat mocht dy doomny net graech hearre. Hy foun 't ôfgryslik en sei: "Breng die beesten maar in de keuken."
Wylst hja even letter foar yn 'e keamer drok oan 't praten wienen, gong 't der yn 'e keuken hiel bot oan wei. Dat hja dêr hinne.
Hwat wie 't gefal? De iene papegaei wie by de oare yn 'e kouwe tolânne kaem en nou sieten se boppe op elkoarren.
De ûnderste, de kristlike papegaei, blykte in wyfke to wêzen, en dy sei oars net as: "segen dezen spijze."
En de oare sei: "Godfordomme, hwat is dit lekker."

Onderwerp

VDK 0237G* - De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai    VDK 0237G* - De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai   

Beschrijving

Twee kameraden nemen uit de oorlog een papegaai uit Indië mee. Ze worden ontvangen bij de dominee die vraagt of de papegaaien iets hebben geleerd. De ene zegt, wanneer hij een suikerklontje krijgt: "Here, zegen dezen spijze." De andere: "Godverdomme, wat was dat lekker." Daarop zet de dominee de papegaaien in de keuken. Als hij even gaat kijken ziet hij de papegaaien, maar nu zit de ene boven op de andere. Na het paren zeggen ze weer hun aangeleerde zinnetje.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 33 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai.

Naam Locatie in Tekst

Indië    Indië   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21