Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101709

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Yn Amerika wie in klub, dy hiet de ligersklub. It gong der altiten om hwa't it bêste lige koe. Doe wienen der ris trije, dy hâldden in wedstriid yn it ligen.
De iene sei: "Ik haw ris mei de fleanmasine flein. Dêr foel ik út. En dêr't ik foel stie tafallich in motorfyts. Ik ried mei de motorfyts fuort en doe ried ik pardoes it kanael yn en kom yn 't wetter tolânne. Doe't ik wer boven wetter kaem wie dêr in boat. Doe farde ik mei de boat nei hûs ta om droege klean op to heljen."
De minsken dy't dat hearden, tochten dat hy de priis wol helje soe mei dizze ligerij. Mar twa moesten noch in beurt ha.
Doe fregen se dan oan 'e twadde: "Hwat ha jo bileefd?"
De twadde sei: "Ik haw sels net folle bileefd, mar ik ha myn maet wol fleanen sjoen en ik ha him wol riden sjoen op 'e motorfyts en ik haw ek wol sjoen dat er yn 't boatsje siet."
Doe't er útforteld wie tochten de minsken dat dizze twadde it wol winne soe, hwant dit wie noch greater leagen as de earste.
Mar doe kom de lêste noch oan 'e beurt.
Dy fortelde, dat hy hie in sek moal stellen. Mar omdat er bang wie dat de plysjes komme soenen om hûssiking to dwaen, hie er dy bael moal oan in spiker bûtendoar, achter 't hûs ophong. En doe sei er: "Nou hat it fannacht ôfgryslik waeid. En nou tocht ik - nou mat ik allerearst even nei myn moal sjen." Doe sei er: "It moal wie der dêrom noch wol. Mar de sek wie fuortwaeid."
De lêste forteller woun de priis.

Beschrijving

Bij een liegwedstrijd vertelt de eerste kandidaat: hij vloog in een vliegtuig,maar viel eruit. Toevallig stond daar een motor waarop hij verder reed, totdat hij in het water vier, maar daar lag toevallig een boot. Daarna ging hij naar huis om droge kleren te halen. De tweede kandidaat zei dat hij de eerste had zien vliegen, rijden en varen. De derde kandidaat vertelde dat hij een zak meel had gestolen, die hij verborg aan een spijker achter zijn huis. Op een dag waaide het zo hard dat de zak weg is gewaaid maar het meel hing er nog. De laatste won de wedstrijd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Naam Locatie in Tekst

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21