Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101711a

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

In smid hat altyd swarte baentsjes lyk as hynstebislaen, kachels neisjen, kachelspipen yn oarder meitsje en alsa. Sa wie der ek in smid, dy wie altyd like swart.
Syn wiif klage der oer dat er sokke smoarge ûnderbroeken hie. Doe sei er: "Dat kin ommers net oars mei myn wurk. En fral hwannear't ik pisje mat. Dan kin 'k iderkear net stean to hanwaskjen."
Doe sei de frou tsjin him: "Ast nou tonei wer pisje maste, rop my dan mar even." Dat wie net sa'n min foarstel. Dêr naem de smid genoegen mei. Dat gong sa troch. Elke kear as er pisje moest holp de frou him even.
Doe, op in kear, moest er wer pisje. Hy rôp tsjin 'e frou: "Komst even, hwant ik mat pisje."
"Och heden," sei de frou, "nou ha 'k sels smoarge hannen, hwant ik bin oan 't kachelpoetsen. De frou sei tsjin 'e faem: "Gean dû even nei him ta en meitsje him de gulp los, ju."
De faem gong nei de smid ta en liet him pisje, mar it duorre sa forrekte lang foardat se wer kaem, dat de frou tochte: ik mei wolris even sjen.
Doe sei de frou: "Hwat is dit hjir mei jimme? Dat dit sa lang duorje mat?"
"Ja sjoch," sei de faem, "ik hie him der samar út, mar nou kin 'k him der noait wer yn krije."

Beschrijving

Een smid is altijd zwart van het werk en heeft altijd smerige onderbroeken omdat hij niet elke keer zijn handen kan wassen als hij naar de wc moet. Zijn vrouw stelt voor hem te helpen als hij moet plassen en zo gebeurt het . Op een keer roept hij zijn vrouw, maar die heeft net zelf vieze handen van de kachel, dus vraagt ze de meid of die helpt met het losmaken van de gulp. Het duurt zo lang dat de vrouw het niet vertrouwt. Als ze bij haar man komt en vraagt waarom het zolang duurt zegt de meid: ik kreeg hem er zo uit, maar het lukt me nooit hem weer terug te stoppen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 11a (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21