Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101712

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in skip, dat foer ûnder lieding fan in kaptein. Mar dy kaptein dat wie in ûnminske tsjin syn ûndergeskikten.
Op in kear wie dy kaptein samar ynienen dea. En, sa't altyd gebrûkelik is op sé waerd it lyk oer board set.
Mar hwat wol 't gefal? It lyk kaem wer boven.
Doe sei de stjûrman tsjin 'e masinist: "Helje my even in murde koalen."
De murde koalen waerd oan 't lyk fêst boun en doe waerd it opnij wer oer board goaid.
Doe wie der ien matroas dy hie in wakkeren wille. Hy lake dat it hwat die.
De stjûrman sei tsjin him: "By sokke plechtige gelegenheden hearre jo net to laitsjen."
Doe sei de matroas: "Ik mat wol laitsje."
"Hwerom dat?" frege de stjûrman.
"Nou," sei de matroas, "ik wist wol dat er nei de hel ta gong, mar dat er syn eigen brantstof meinimme moest, dat hie 'k net tocht."

Beschrijving

Een kapitein was een onmens voor zijn ondergeschikten. Plotseling stierf hij, en zoals gebruikelijk werd zijn lichaam overboord gegooid. Maar het bleef drijven. Toen maakten ze een zak kolen aan het lijk vast en gooiden het opnieuw overboord. Een matroos moet vreselijk lachen: ik wist wel dat hij naar de hel zou gaan, maar niet dat hij nog zijn eigen brandstof mee moest nemen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21