Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101714

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie ris in boer, dy hie in faem en in lytsfeint. As de faem de frijer krige, dan gongen se altyd in eintsje fan hûs ôf op in bankje sitten ûnder in beam.
Doe sei de boer ris in kear tsjin 'e lytsfeint, doe't de beiden wer togearre nei 't bankje taset wienen,: "Dû mast ris strune en sjen hwat der gebeurt mei dy beiden. Ast it sjochste en it my fortelste dan krijst fan my in pakje tabak en in pear nije wite klompen."
Hwat it feintsje to dwaen hat, dy klimt boven yn 'e beam en sit dêr forskûle. Doe't it frijend pearke by de bank kaem, woe de feint dêr hwat mei de faem úthelje. Doe sei de faem: "O né, dat mat net, hwant as der ris hwat fan komt, hwat dan?"
"Ei ju," sei har frijer, "hwat soe 't wêze. Dêr redt dyselde wol mei dy't boven ús is."
Mar dat hearde de lytsfeint en dy rôp boven út 'e beam wei: "Gjin sprake fan, hear, net foar in pakje tabak en in pear wite nije klompen!"

Onderwerp

AT 1355C - The Lord Above Will Provide    AT 1355C - The Lord Above Will Provide   

ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.    ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   

Beschrijving

Een boer heeft een meid en een klein mannetje. De meid gaat vaak met haar vrijer naar een bankje onder een boom, en de boer wil graag weten wat ze daar doen. Hij belooft de dwerg tabak en klompen als hij ze afluistert. Die klimt in de boom en ziet dat de vrijer van alles van plan is, maar de meid is bang dat er wat van kan komen. De vrijer zegt: o, dan zorgt degene boven ons er wel voor. Waarop de dwerg uitroept: niet voor tabak en een paar klompen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973
The Lord Above Will Provide

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21