Hoofdtekst
It wie yn 'e oarloch en doe wie der in man dat wie in hertstochtelike roker. Op in kear kaem dy man thús sjongendewei mei in wûnderbêst sin.
De frou sei: "Hwat hastû in bêst sin."
"Ja," sei er, "gjin wûnder. Ik haw in tabaksbontsje op 'e kop tikke. Toe," sei er, "gean dû dêr fuort even mei nei de winkel ta en helje my in pakje tabak op. Hjir hast ek sinten."
De frou komt by de winkelman en seit: "In pakje tabak foar myn man."
"Ha jo 't bontsje?" freget de winkelman.
Hja sjocht yn 'e hân. De sinten lizze der wol yn, mar it tabaksbontsje is fuort.
"Nou," seit de winkelman, "sûnder tabaksbontsje kin ik jo gjin tabak leverje."
"Och heden," seit se, "man, jow my dochs in pakje tabak mei hwant as ik der sûnder thúskom is der gjin ried foar mei myn man."
"Nou," seit de winkelman, "ik sil jo in pakje meijaen op in bitingst. Dan matte wy togearre dêr yn 'e keuken in nûmerke meitsje."
Hy nimt har mei nei de keuken ta. Dêr klaeit se har út en dan seit de winkelman: "Minske, hwat binne jo dêr swart om 'e nôlle hinne. Hoe komt dat sa?"
"Ja," seit se, "dat komt trochdat ik fleden wike de koalebon ek forlern ha."

Beschrijving
Een man komt in de oorlog vrolijk thuis omdat hij een tabaksbon op de kop heeft getikt. Hij vraagt zijn vrouw een pakje voor hem te halen en geeft haar de bon en geld mee. Bij de winkel aangekomen blijkt ze de bon kwijt. De winkelier wil haar alleen tabak meegeven als ze hem in natura betaalt. In de keuken kleedt ze zich uit. De winkelier vraagt waarom ze zo zwart van onderen is, waarop de vrouw vertelt dat ze vorige week bij de kolenboer ook al de bon kwijt was.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 28 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21