Hoofdtekst
Der wie in raef, dy siet yn in beam. Hy hie in stik tsiis yn 'e bek, dat er ergens út in keuken stellen hie.
Wylst er dêr op in takke siet kom dêr in fos lâns. As dy de raef sjocht mei dat stik tsiis slikket er him om 'e bek, sa'n sin hat er oan dat hapke tsiis.
Dan bigjint er de raef it hof to meitsjen. Hy seit dat er sa prachtich moai is en dat it algemien bikend is dat er sa treflik sjonge kin. En dan forfettet er: "Ast my in great plesier dwaen wolste, - wy binne op 't lêst allebeide dieren en ik ken dy al sa lang, as't my in plesier dwaen wolste, dan woe 'k sa graech datst in lyts ferske foar my sjongst."
De raef waerd sa greatsk dat dy die de bek iepen. Mar tagelyk falt it stik tsiis en de fos snapt it gau en naeit der mei út.
De fos syn list wie slagge.

Onderwerp
AT 0057 - Raven with Cheese in his Mouth   
ATU 0057 - Raven with Cheese in his Mouth.   
Beschrijving
Een raaf heeft een stuk kaas gestolen en wil dat lekker oppeuzelen wanneer een vos voorbij komt. Die krijgt vreselijk veel zin in het stukje kaas en begint te slijmen dat de raaf zo mooi is en zo prachtig kan zingen. Hij vraagt hem een liedje voor hem te zingen. De raaf zwelt van trots en doet zijn bek open. Op dat moment valt het stukje kaas eruit en de vos vangt het op.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 29 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Raven with Cheese in his Mouth
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21