Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101802

Een sprookje (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Mannetje Tinderlanteen en de frou Isebel wennen ûnder in pispot. It mantsje giet to fiskjen en hy fangt in prachtich moai gouden fiskje, en dat fiskje sjocht him sa oan en smeekt him, dat it wol sa graech wer yn 't wetter, dat hy krijt meilijen en smyt it der wer yn.
It fiskje komt wer boven en seit: "As dank meije jo trije winsken dwaen."
Mannetje Tinterlanteen seit: "och, wy wenje sa raer ûnder 'e pispot; ik wol sa graech in nij hûs ha mei meubels en alles der yn."
"Ga maar heen," seit it fiskje, "het staat er al."
It mantsje komt thús. It wyfke sit al yn 't moaije nije hûs en wyt net hoe't se 't hat dat dit samar ynienen kin.
Hja binne beide tige wiis mei 't spul.
In skoftsje giet it goed en ha se 't wol nei 't sin.
Mar dat duorret net sa lang, dan wurdt it wyfke ûntofreden, Isebil seit tsjin Tinterlanteen: "Dû kinst dochs trije winsken dwaen?"
"Ja," seit er, "'t is ek sa."
"Nou," seit se, "wy sitte hjir altyd yn 'e hûs, ik wol èk ris fuort. Dat ik wol in moaije riderije ha mei in pear prachtige hynders der foar. En ik wol èk in faem ha. Hwant ik wol net altyd arbeidzje."
It mantsje Tinterlanteen giet wer nei it wetter ta. En dan ropt er:
Botje, botje in de zee,
hier is mannetje Tinterlanteen.
Mijn vrouw - ze is Isebil -,
se wil wat ik niet wil.
"Wat wil ze dan?" freget it botje.
"Ze wil een wagen hebben met een paar prachtige paarden en ze wil een dienstmaagd voor het werk."
"Ga maar heen," seit it fiskje, "it is der al."
Doe gong it wer in skoftsje goed. Sa nou en dan gongen se to toeren en as se thús kamen hie de faem it wurk dien en dan stie de tafel gedekt en wie 't iten klear. Se koenen 't net better bigeare.
Mar it duorre net sa mâlle lang, doe bigoun it wyfke wer to krimmenearjen. Hja sei tsjin mannetje Tinterlanteen:
"Dû meist noch ien winsk dwaen. Dû mast wer nei 't fiskje ta."
"Ik wenje hjir fiersto leech," sei se, "ik wol heger wenje. Ik wol in hiel great kastiel ha, sa heech, dat ik de hannen yn 'e wolken waskje kin."
Doe gong 't mantsje wer nei 't wetter ta en hy rôp wer:
"Botje, botje in de zee,
hier is mannetje Tinterlanteen.
Mijn vrouw - ze is Isebel -
ze wil wat ik niet wil."
"Wat wil ze dan?" frege 't fiskje.
"Ze wil een groot kasteel hebben op een heuvel, zo hoog, dat ze de handen boven in de wolken kan wassen."
Doe sei 't fiskje:
Zot, zot,
boven God,
kruip dan maar weer onder je pispot.
Doe't er wer thús kaem siet it wyfke to skriemen ûnder 'e pispot.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Mannetje Tinterlanteen en vrouwtje Isebel wonen onder een pispot. Het mannetje vangt een gouden visje, dat hij terugzet in het water. Uit dank mag hij drie wensen doen. De eerste wens is een beter huis, dat er staat als hij thuiskomt. De vrouw blijft niet tevreden, laat een tweede wens doen, en uiteindelijk de derde en laatste. Ze wenst dan een kasteel zo hoog op de heuvel dat ze de handen boven in de wolken kan wassen. Uitkomst van de wens is dat weer onder de pispot moeten wonen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1018, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973
The Fisher and his Wife

Naam Overig in Tekst

Mannetje Tinterlanteen    Mannetje Tinterlanteen   

Isebel    Isebel   

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21