Hoofdtekst
Der leefde in âld man, en dy hie trije soannen yn 'e hûs en dy wienen sa lui as stael.
De âld man kaem op it sykbêd to lizzen, mar foardat er de egen foar altyd ticht die, sei er tsjin 'e jonges: "Ik ha 't jim noait fortelle wold, mar nou't ik ôfskie nimme mat fan dizze wrâld, sil ik it jim nòu noch meidiele. Jimme witte wol hoefolle lân wy ha. Yn dat lân sit in skat forburgen."
Doe't de âld man dizze wurden sein hie, stoar hy.
Doe't er bigraven wie ha de trije soannen de hiele wrâld op 'e kop set. It lân woarde omdold en nochris omdold, mar al hwat se founen, gjin skat.
De âldste fan 'e trije, dy't it measte forstân hie, sei: "Nou't wy it dan dochs om ha, jonges, en wy 't allegear swart makke ha, nou kinne wy der ek wol weit yn siedzje."
Dat dienen se, en doe kaem der in frucht op fan jewelste.
Doe't it nôt ryp wie waerd it sichte. De terskmesine kaem op 't hiem en 't wie allegear sied fan puike kwaliteit. Dat hja barden der in slompe jild foar.
Doe seinen se tsjin inoarren: "Us heit hat wol gelyk hawn, dat der in skat yn 'e groun siet."
Elk jier bibouden se de groun wer en it woarden flinke keardels.

Beschrijving
Een oude man had drie luie zoons. Toen hij op zijn sterfbed lag, kon hij nog net zeggen dat er een schat op het land verborgen was, en stierf. De zoons spitten al het land een paar keer om, maar vonden niets. De oudste kwam op het idee te zaaien, nu alles toch omgewoeld was. En het land bleek erg vruchtbaar. Alles wat groeide was van hoge kwaliteit en bracht veel geld op. Dat was de schat die de oude vader had bedoeld.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 26 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 mei 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21