Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103704

Een mop (mondeling), zaterdag 23 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer dy hie nei de merk ta west. Hy hie moai hwat jild bard foar syn fé en dat hied er nou by him.
Underweis nei hûs ta komt der in rover op him ta mei in laden gewear.
"Je geld of je leven", seit er.
De boer tinkt: Hoe mat ik dit ha. It leven is him it djûrst, mar hy wol doch ek graech syn jild hâlde.
Hy seit tsjin 'e rover: "Jo krije myn jild. Mar mei ik jo in forsyk dwaen? Sjoch, as ik nou aenst thús kom, sûnder jild, en ik fortel myn frou hwat der ûnderweis foarfallen is, dan seit se: "Dû liichst it." As ik har nou it biwiis leverje kin, woe 'k dat graech."
"Hwat bidoele jo?" sei de rover.
"As jo ris troch myn hoed hinne skeaten, dan komme dêr in pear kûgelsgatten yn, dan leaut hja my earder."
"Dat kin gebeure", sei de rover.
Doe sei de boer: "Nou ek noch in pear kûgels troch de flippen fan 'e jas, dan leaut hja it noch better."
Dat gebeurde ek.
"En nou noch ien troch de boksen", sei de boer.
Doe sei de rover: "Myn kûgels binne op. Jow my it jild."
"Dan matte jo lang wachtsje," sei de boer, "hwant nou binne Jo oan 'e beurt."
Hy wie in sterke keardel en pakte de rover en joech him in pear opstoppers dat er foar dy deis genôch hie.
En doe stapte er bidaerd nei hûs ta.

Onderwerp

AT 1527A - Robber Induced to Waste his Ammunition    AT 1527A - Robber Induced to Waste his Ammunition   

ATU 1527A - The Robber Disarmed    ATU 1527A - The Robber Disarmed   

Beschrijving

Een boer had op de markt vee verkocht en had zodoende op de terugweg een hoop geld bij zich. Hij werd overvallen door een rover met een geweer. De boer gaf de rover nog geen geld, maar vroeg hem om eerst door zijn hoed, jas en broek te schieten, anders zou zijn vrouw thuis hem niet geloven. Toen de rover al zijn kogels verschoten had, nam de boer de rover flink te pakken en vervolgde daarna rustig zijn weg naar huis.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1037, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 juni 1973
Robber Induced to Waste his Ammunition

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21