Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103802

Een mop (mondeling), zondag 24 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie ûnder tsjinst in majoar, dy hie 18 soldaten ûnder syn bihear. Hy wie skatryk. Op in dei wie 't syn jierdei.
Doe sei er tsjin 'e 18 soldaten: "Nou wol ik hjoed ris rejael wêze. Jimme meije allegearre in winsk dwaen."
Der wie ien soldaet by, dy wie tige sleau. Hy seach der altyd skoarum út, der misten knopen fan syn unifoarm en al sokke dingen mear. Hy wie fierwei de sutrichste.
"As ik it yn myn formogen ha," sei de majoar, "dan sil ik elke winsk forfolle."
Dy majoar hie in dochter, dat wie in tige kreas fanke.
Dy soe alles fan him erve, as hy der ôf kaem to reitsjen.
Doe't dy majoar dat dan sei, doe frege de iene soldaet in moaije nije auto, in oaren in villa, wer in oaren in boat.
"En hwat winskestû, Klaes?" frege de majoar oan 'e skoaijer.
Doe sei Klaes: "Hwat ik winskje dogge jo dochs net."
"As ik it forfulle kin doch ik it", sei de majoar.
"Ik doar it hast net to sizzen", sei Klaes.
"Siz it mar gerust", sa moedige de majoar him oan.
"Je wens wordt vervuld, als ik het doen kan."
"Nou eh", sa bigoun Klaes.
"Ja, toemar", sei de majoar.
"Nou, dan woe ik wol graech ien nacht by jou dochter sliepe."
Doe sei de majoar: "Ik zal je vanavond zeggen of het gebeurt. Ik kan je niet direkt de beslissing geven, daar ben ik niet alleen baas over."
Doe praette dy majoar mei syn dochter. "Ik woe wol dy soldaet syn sin dwaen, mar wy kinne dy fint net yn 'e famylje ha fansels. Hy rint der altyd like sleau hinne. En der koe ris hwat fan komme, as er by dy sliepte. Hoe mat dat nou?"
De dochter sei: "Heit mat it sels mar wite. Ik wyt net hwat wy yn dit gefal dwaen matte."
"Ik wyt in oplossing", sei de majoar doe. (Hja hienen froeger bêdsteden, dêr't se yn sliepten.) "Wy dogge in sket midden yn 't bêd. Dan leistû oan 'e iene kant fan 't sket en hy oan 'e oare kant. Ik sil fjouwer soldaten komme litte, yn elke hoeke fan 'e keamer ien, elk mei in laden gewear." En doe sei er tsjin syn dochter: "Dû mast altyd fan 'né' sizze, as er dy hwat freget. Dan mast oars net sizze as 'né'. Dan kin dy neat gebeure."
Doe't dy jonge nou de jouns yn 'e dochter har sliepkeamer kaem stie der yn elke hoeke in soldaet.
Hy klaeide him út en giet yn 't bêd lizzen. Hy sjocht ris nei 't sket dat der stiet en hy sjocht nei de soldaten.
En dan seit er tsjin 'e majoar syn dochter: "Moeten die soldaten hier in de kamer blijven?"
Mary koe oars net sizze as 'né'. "Né", seit se.
"Allé dan, opgemarsjeerd!" seit er tsjin 'e soldaten.
Dy geane fuort.
Dan sjocht Klaes wer ris nei de planke.
"Marie," freget er, "moet die plank daar tussen ons in blijven?"
"Né", seit Mary.
Even letter seit er: "Marie, moet je de broek aan hebben?"
"Né", seit se. De broek rekket út.
Dan seit er: "Marie, moet je daar zo onbedekt liggen blijven?"
"Né", seit se.
Dan slacht er gau syn slach.
De oare moarns seit de majoar tsjin syn dochter: "Nou, hoe is 't gien? Hast steeds sein fan 'né'?"
"Ja heit," sei se, "mar ik bin bnag dat it mis is", en doe fortelde se him it hiele gefal.
Doe moest de dochter fan 'e majoar mei dy persoan trouwe.
En sa erfde hy letter alles doe't de majoar stoar.

Onderwerp

AT 0853A - "No."    AT 0853A - "No."   

ATU 0853A - “No.”    ATU 0853A - “No.”   

Beschrijving

Een rijke majoor liet zijn soldaten op zijn verjaardag een wens doen. De een wilde een auto, een ander een villa, een derde een boot, maar een slonzig geklede soldaat (die uit was op de erfenis van de majoor) wilde wel eens een nacht met de dochter van de majoor doorbrengen. De majoor liet de wensen uitkomen, alleen instrueerde hij zijn dochter op alle vragen van de soldaat nee te antwoorden. Maar de soldaat wist zijn vragen zo te stellen dat hij precies zijn zin kreeg. Het eind van het liedje was dat ze moesten trouwen, en na de dood van de majoor erfde de soldaat alles.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 juni 1973 (?)
"No"

Naam Overig in Tekst

Klaas    Klaas   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21