Hoofdtekst
Der wie in boeresoan, dy krige forkearing mei in boeredochter. Dat fanke koe sa min ûnthâlde, hja forgeat alles altyd wer.
Op in kear soe se mei har feint nei stêd ta. De feint helle har fan hûs. Hja soenen der to foet hinne. Doe sei de mem fan dat fanke: "As jimme yn 'e stêd komme wolle jim dan seis théleppeltsjes foar my meinimme?
Jan, wolstû it even mei ûnthâlde?"
"Jawol," seit Jan, "dat komt wol klear."
Hja binne togearre yn 'e stêd en keapje dêr forskillende dingen. Op 't lêst binne se klear en dan sille se wer op hûs ta. 't Is moai waer en in hiel ein rinnen. Jan seit: "Sille wy hjir ris even sitte?"
Dat gong oan (Jan wie yn 'e stêd even by syn faem wei west en doe hied er gau seis leppeltsjes kocht, dy't er yn 'e bûse hie, sûnder dat hja it wiste.)
Wylst hja dêr yn 't gjers sieten sei hja ynienen: "O heden, Jan, nou ha wy de théleppeltsjes forgetten!"
"Nou fanke," sei Jan, "dat is net sa slim, ik kin wol even guon meitsje."
Doe wienen se even oan 't boartsjen togearre. Jan makke in nûmerke en doe't dat gebeurd wie, sei er: "Sjoch, hjir hast al in leppeltsje." Wylst helle er ien ta de bûse út.
Dat gebeurde sa seis kearen achter elkoar. Elke kear as Jan wer in nûmerke makke hie kom der in leppeltsje foar 't ljocht.
Op 't lêst wie 't gebeurd. Doe kamen se oerein en sy stapten wer op.
Doe't se thúskamen doe duorre 't net sa lang of mem frege:
"Hoe liket it, fanke, hast ek leppeltsjes meinaem?"
"Nou mem, dat is wûnderlik gien," sei se, "myn Jan is in tovenaar. Hwant ûnderweis, doe sieten wy yn 'e wâl en doe kom 't my yn 't sin dat wy de leppeltsjes forgetten hienen.
Mar Jan sei: - Ik sil wol even guon meitsje -." Hja sei: "Ik moest earst de broek even út dwaen, oars koed er se net meitsje. En doe hat er samar seis achter elkoar makke."
De mem woarde wol hwat kjel. En it duorre net sa mâlle lang, doe moest it fanke mei Jan trouwe. Mar Jan woe har net ha. Hja wie him fiersto forjitlik en to dom.
Op in kear soenen se togearre wer nei stêd ta.
Doe kamen se by in feart lâns. Doe fortelde Jan har dat er har net ha woe. Hy woe net mei har trouwe.
Hy hie har forteld, dat ding, dêr't er de leppeltsjes mei makke hie, dat wie in kilemantsje.
Doe sei se: "Nou Jan, it kin my neat skele datstû net mei my trouwe wolst en datstû fuort giest, mar lit my dan dat kilemantsje hâlde."
Mar dat woe Jan net dwaen.
Doe bigoun hja to gûlen en to jammerjen.
Dan docht Jan in raem yn 'e gulp nei syn kilemantsje en slingert it sa gerekend yn 'e feart.
En doe wie er fuort, en doe jammere hja noch folle mear.
Doe kaem dêr in doomny oanstappen.
Dy sjocht dat fanke dêr stean to jammerjen. Hy seit:
"Wat scheelt er aan, juffrouw? Waarom huilt u zo?"
Hja wit dat it in doomny is dy't dêr by har stiet en seit:
"Och doomny, Jan hat myn kilemantsje yn 'e feart smiten."
Doomny seit: "Waar heeft hij dat dan ongeveer heen gegooid? Zal ik eens proberen of ik het er uit kan vissen?"
En doomny die de hoazzen út.
Mar it wie to djip, doe moest er de broek ek noch út ha.
Dêr stie er yn 't koarte ûnderbroekje, mar nou koed er it nòch net bidjipje.
Op 't lêst kaem de ûnderbroek èk noch út.
It himd kaem onheech en doe koed er dan fierder it wetter yn. Doe ynienen seach se en doe bigoun se lûd to laitsjen en sy rôp: Doomny hat myn kilemantsje! Doomny hat myn kilemantsje!"
Doomny wie noch frijgesel. Hy koe har net wer kwyt wurde en doe is er mar mei har troud.

Onderwerp
AT 1542** - The Maiden's Honor   
ATU 1542** - The Maiden’s Honor.   
Beschrijving
Een vergeetachtige boerendochter en de jongen met wie ze verkering had, gingen samen naar de stad. De boerin vroeg of ze dan zes theelepels mee wilde nemen, en dat beloofde het meisje. In de stad vergat ze de lepels helemaal, maar de jongen kocht ze stiekem. Op de terugweg, toen ze in het gras uitrustten, dacht ze er opeens weer aan. De jongen zei dat hij wel lepeltjes kon maken. Hij maakte een nummertje met haar en liet ondertussen stiekem een lepeltje uit zijn trui vallen. Zo deed hij nog 5 keer. Thuis vertelde het meisje alles aan haar moeder, waarna de moeder bang werd. Inderdaad moesten ze niet lang daarna trouwen, maar Jan wilde niet, omdat hij haar te dom vond. Toen ze langs de vaart op weg naar de stad liepen, zei Jan dat hij niet wilde trouwen en dat niet hij de lepeltjes had gemaakt, maar een kielemannetje. Het meisje zei dat Jan best weg mocht gaan, als zij dan maar het kielemannetje mocht houden. Jan greep in zijn gulp en deed alsof hij de kieleman in het water gooide, waarop het meisje begon te jammeren. Een dominee kwam voorbij en wilde proberen de kieleman uit het water te vissen. Daarvoor moest hij zijn broek uitdoen, en ook zijn onderbroek. Toen hij zijn hemd omhoog knoopte, riep het meisje: dominee heeft mijn kielemannetje! De dominee, een vrijgezel, kwam niet meer van haar af en besloot maar te trouwen
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 juni 1973 (?)
The Maiden's Honor
Naam Overig in Tekst
Jan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21