Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103806

Een mop (mondeling), zondag 24 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie in frijgeselledoomny, dy hie in húshâldster.
Op in joun sei de doomny tsjin har: "Ik moet er een paar uurtjes tussenuit; je hoeft dus niet op mij te rekenen met de thee, Ik drink wel ergens anders thee."
't Wie yn 'e hjerst en 't wie in greate, holle pasterije.
Mar yn doomny syn studearfortrek wie 't altyd lekker waerm. Doe tocht dy húshâldster: ik gean nei doomny syn studearkeamer ta om my dêr to forskjinjen. Dat koe krekt omdat se it ryk allinne hie.
Hja die de klean út en wosk har lekker by de waerme kachel, mar doe hearde se ynienen stemmen by de doar.
Hja wist net sa gau hwer't se hinne soe. Hja hearde oan 'e stemmen wol dat it doomny wie mei twa freonen fan him. Hja fandele fluch de klean by elkoar en doe gong se nei doomny syn kleankast, dêr't er boeken boppe yn hie. 't Wie ûnder in kleankast en boven in boekekast.
Hja gong dêryn stean en luts de doar achter har ticht.
Doe't se dêr goed en wol yn dy kast wie gong de doar fan doomny syn studearfortrek iepen en dêr kamen doomny en syn beide freonen yn 'e keamer. De beide freonen gongen sitten en doomny rôp om 'e húshâldster.
"Betje, Betje, waar ben je? Ik heb twee vrienden bij me, zet eens een kopje thee voor ons."
Mar Betsje hâldde har stil yn 'e kast en joech gjin kik.
Hwant hja stie dêr neaken.
"Ze is zeker even een boodschap gaan doen; ze zal straks wel komen", sei doomny.
Doe krige er in gesprek mei syn beide freonen. Ien fan har sei: "Ik begrijp niet waarmee jij je tijd altijd doorbrengt. 's Zondags een preek, door de week wat huisbezoeken, maar hoe breng je de rest van de tijd door?"
"Och," sei doomny, "ik heb heel interessante boeken met spannende verhalen. Ik zal je even wat laten zien."
Hy giet nei de kast ta en docht de doar iepen en seit:
"Nou, kijk maar eens even, is 't niet prachtig?"
Doe hâldde er him ynienen fan skrik stil. Hwant dêr stie syn húshâldster foar him, pûrneaken.
"Ja," seinen de beide freonen, "nou zien we het wel: dominé hoeft zich nooit te vervelen."

Beschrijving

Een dominee woont met zijn huishoudster en zegt op een dag dat hij even weggaat. Zij heeft het rijk voor zich alleen en besluit zich te verfrissen in de warme studeerkamer van de dominee, bij de kachel. Opeens hoort ze stemmen en verstopt zich in de boekenkast annex klerenkast. De dominee is met zijn vrienden binnengekomen en wil zijn prachtige boekenverzameling laten zien als antwoord op de vraag wat hij nou de hele dag zo doet. Als hij de kast opendoet staat daar de naakte huishoudster.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 juni 1973 (?)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21