Hoofdtekst
Yn Aldegea wenne in âld man, in sekere de Haan. Dy hie lêst fan rheuma en krige dikke fuotten. Der kamen wolris guon by him by de doar, dy't him rie joegen. De iene rette him dit oan en de oare dat. Mar it joech allegearre neat. Hy foun nergens baet by.
Hy sei: Ik woe wol dat ik fan myn rheuma ôf wie.
Doe kom der op in kear in koopman út 'e Wâlden by him.
Dy sei tsjin him: "Ik wit wol in middeltsje foar dy rheuma, mar ik doar it hast net to sizzen, hwant it is nochal fiis."
"'t Kin my neat skele," sei de man, "as it my mar helpt."
"Nou, ik ha mei jo to dwaen," sei de koopman, "dan sil ik it jo dochs mar sizze."
"Hwat mat ik dan dwaen?" freget de Haen.
"Jo matte alle moarnen yn 't nochteren in ûre mei jou beide fuotten yn 'e w.c. stean gean, yn 't húskeguod.
Hwant jo bigripe wol, dêr sit kracht yn. Jy goaije 't ommers oer 't lân en alles bigjint der fan to waechsen. 't Is in hiel krachtich middel."
It mantsje folge syn ried op. Forskeidene moarnen stie er mei de lege mage yn 't húskeguod. Mar it joech neat.
Doe kom der in man by him to praten, dy frege er èk of dy hwat wiste foar syn rheuma. "Hwant," sei er, "der kaem in koopman by my oan 'e doar, dy rette my elke moarn in ûre lang yn 't nochteren yn 'e w.c. to stean. Mar 't hat neat jown en ik koe de lucht ek net útstean."

Beschrijving
Een man wil van zijn reuma af en probeert alles, maar niets helpt. Dan vertelt een koopman hem dat hij iets weet wat echt helpt: op nuchtere maag een uur lang in de wc met beide voeten in de poep staan. Het helpt niet en op een dag komt hij iemand tegen die hem vraagt of hij geen middel tegen reuma weet. Er was namelijk een koopman bij hem aan de deur gekomen die hem had aangeraden elke ochtend een uur in de wc in de poep te staan, maar dat had niet geholpen en hij kon ook niet tegen de geur.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 juni 1973 (?)
Naam Overig in Tekst
Aldegae   
Naam Locatie in Tekst
De Haan   
Walden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21