Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103808

Een mop (mondeling), zondag 24 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie fyk oan 'e tûme. Dat die him geweldich sear. Hy gong nei de dokter ta en dy joech him hwat salve om der op to dwaen, mar it joech him neat.
Doe kom der in negoasjeman by him oan 'e doar. De boer frege him of er ek hwat wist foar de fyk.
"Ja," sei de man, "ik wit wol hwat. Dan wienen jo yn twa dagen de fyk kwyt, mar it kostet jo 25 goune."
"As wie 't ek 50 goune man, dat koe my neat skele. As 't mar helpt."
"Nou," sei de negoasjeman, "as jo my 25 goune jowe, sil ik it jo sizze."
De boer joech him 25 goune. Doe sei dy negoasjeman: "Jo matte alle dagen trije kear jou tûme yn it achterwurk fan in kou triuwe. Dan binne jo jou fyk yn twa dagen kwyt."
De oare moarns bitiid siet de boer al achter in kou oan.
Mar dy kou woe net sa bêst stean bliuwe.
Mar hy rêdde it dochs op.
De middeis siet er al wer achter in kou oan. De boerefaem sjocht de boer achter de kou oanrinnen.
"Hwat nou, boer?" freget se. "Hwerom sitte jo sa achter dy kou oan?"
"Och fanke," seit er, "dat smoarge dier dat wol net stean bliuwe."
"Nou, hwat mat der dan gebeure?" freget de faem.
"Ik mat myn tûme even yn 'e kont fan 'e kou ha", seit er.
"Hjir hat in koopman by my west en dy hat dat sein. Dat grapke koste my 25 goune."
"Och heden," seit de faem, "dat hienen jo by my wol foar in tsientsje klear krije kind."
"Nou, dat is noch folle better," sei de boer, "hwant dû bliuwst wol stean. Dan krijstû fan my in tsientsje."
Doe die de faem de rokken omheech en liet de boer syn gong gean.
"Hea," sei se ynienen, "boer, dat is myn achterwurk net."
"Né," seit de boer, "mar it is myn tûme ek net."

Beschrijving

Een boer heeft last van fijt aan zijn duim en niets helpt. Een koopman biedt hem voor 25 gulden een middel: hij moet driemaal daags zijn duim in het achterwerk van een koe stoppen. Dat gaat lastig omdat de koe niet wil blijven staan. De meid ziet hem steeds rennen en vraagt waarom hij dat doet. Ze biedt aan dat hij voor een tientje hetzelfde bij haar mag doen. Als ze bezig zijn zegt ze opeens: hé, dat is mijn achterwerk niet, waarop de boer zegt: en dat is ook mijn duim niet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 juni 1973 (?)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21