Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103809

Een mop (mondeling), zondag 24 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie trije soannen. Doe lei er op 't kantsje dat er fan 'e wereld ôfgean soe. Doe sei er tsjin syn jonges: "Jonges, kom ris even by my. Ik haw altyd in goeije heit foar jim west, net?"
"Ja," seinen de jonges, "wy kinne oars net sizze as heit hat altyd bêst foar ús west."
"Dan ha 'k noch in winsk, jonges foardat ik fan 'e wrâld ôf gean, hwant ik bin hjir net lang mear."
"Nou, hwat is dat dan, heit?" fregen se.
"Ik woe graech," sei er, "dat jimme my alle trije tûzen goune meijoegen yn 'e kiste."
"Hwat wol heit dêr dan mei?" fregen se, "dêr kin heit ommers neat mei as heit dea is."
"Ja, jonges," sei er, "dêr ha 'k in bidoeling mei en ik hoopje dat jimme myn lêste winsk forfulle."
"Ik kin my net bigripe hwat heit dêr mei wol," sei de âldste, "mar dan krijt heit fan my tûzen goune, as heit dat sa graech wol."
De twadde sei dat ek.
De trêdde sei: "Ik bliuw net achter."
"Nou jonges," sei de heit, "dan kin ik nou mei in gerust geweten fan 'e wereld ôfgean, hwant ik wit, dat jimme jim bilofte hâlde."
Twa dagen letter wie heit wei. Doe stienen de jonges om 'e kiste hinne.
"Ja," sei de iene, "wy ha heit ek hwat biloofd, hè?"
"Och, och, hwat is dat hwat", sei de âldste. "Nou matte wy tûzen goune yn 'e kiste lizze en dy sjogge wy noait wer. Mar ik ha 't heit biloofd en ik dòch it èk."
En hy die tûzen goune yn 'e kiste.
De twadde sei: "Ik doch it èk." En hy lei ek tûzen goune yn 'e kiste.
De trêdde sei: "Ik ha sein dat ik net achter bliuwe soe."
Hy krige in chèqueboek út 'e bûse en skreau op: Goed voor drieduizend gulden. Aan toonder te betalen."
En hy naem de twatûzen goune út 'e kiste wei en lei de chèque der foar yn 't plak.

Onderwerp

VDK 1855B* - De cheque in de kist    VDK 1855B* - De cheque in de kist   

Beschrijving

Een vader ligt op sterven en heeft aan zijn drie zoons nog een wens: dat ze hem elk duizend gulden meegeven in zijn kist. Hoewel zij het vreemd vinden beloven ze het toch. Als het zover is gooit de eerste duizend gulden in de kist, dan de tweede. De derde pakt echter zijn chequeboek en schrijft drieduizend gulden op, te betalen aan toonder. Hij legt de cheque in de kist en pakt de tweeduizend gulden eruit.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 juni 1973 (?)
De cheque in de kist

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21