Hoofdtekst
Yn Drinte wenne in húsgesin dat wie net tsjerks. In man, in frou en in soan. Hja sieten op in joune by elkoar, en doe sei de frou: "Wy wurde in dei âlder. Wy meije ek wolris tinke oan 'e ivichheit. Wy mochten wolris in kear nei tsjerke ta."
"Ja," seit de man, "mar nei hokker tsjerke matte wy dan ta? Hwant hjir steane wol fjouwer."
"Nou, fansels nei de bêste", sei de frou.
"Hokker is dat dan?" frege de man.
De soan, dat wie in barbaer. Dy sei: "Dat wyt ik wol."
Hy sei: "Witte jimme hwat jim dwaen matte? Jimme matte alle fjouwer foargongers fan 'e tsjerke útnoegje dat se hjir op in joun komme. As se hjir dan goed en wol yn 'e hûs binne en allegear 't bêste nei foaren brocht ha, dan kom ik fan 'e souder ôf. Ik ha noch in âld klappistoal. Ik sil my dan hwat nuver opklaeije as in wyldeman en ik kom dan ynienen ta de keamer yn en dan sil ik mei 't klappistoal sjitte en dyselde dy't dan sitten bliuwt, dy is net bang. Nei dy syn tsjerke matte jimme ta."
Dat like de âldelju skoan ta.
Doe't op in joun dy fjouwer foargongers dêr sieten - dêr wie ek ien by fan 't joadsk genoatskip - en allegear it moaiste nei foaren brocht hienen, doe kom op it ûnforwachts dy soan troch de doar, alhiel nuver optakele, en dy bigoun to sjitten mei it klappistoal.
Trije fan 'e foargongers fleagen hals oer de kop troch de glêzen nei bûten. Allinne de joad bleau sitten.
"Sjoch," sei de soan, "dêr't dizze man preket, dat is foar jimme de bêste tsjerke, dêr't jim hinne gean kinne, hwant dizze man is net bang. Dy bliuwt yn elk gefal sitten."
De âlde lju seinen tsjin 'e joad: "Hwat binne wy nou mâl mei jo, hwant nou witte wy hwer't wy hinne gean matte. Hwat wolle jo fan ús ha? Jo kinne fan alles wol fan ús krije."
"Né, né, né", stammere de joad. "Né, né - mar as - as je my doch - doch hwat jjaen wo-olle, j.jow my dan in sk-skjinne honderbroek. Hwant ik ik - ha my helendal bepoept."

Beschrijving
Een onkerks gezin denkt aan de eeuwigheid en wil toch eens naar de kerk. De vraag is welke van de vier ze moeten uitkiezen. De zoon raadt aan alle vier de voorgangers uit te nodigen. Hij zal dan op een gegeven moment als een verwilderde man verkleed de zolder afkomen en met een klappertjespistool gaan schieten. Degeen die niet bang is en blijft zitten, dat is de juiste. Zo gebeurt het. Drie van de vier vliegen meteen weg, nadat ze geschiet horen, alleen de vierde, van de joodse gemeenschap, blijft zitten. Als de ouders zeggen hem te hebben uitgekozen, en hem vragen wat hij wil hebben, vraagt hij enkel om een schone onderbroek, want de andere heeft hij helemaal ondergepoept.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1038, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 juni 1973 (?)
Naam Overig in Tekst
Drinte   
Naam Locatie in Tekst
Drenthe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21