Hoofdtekst
Der kom ris in man by in boer en dy man frege: "Ha jo ek wurk foar my, boer?"
"Jawol," sei de boer, "ik ha wol stikellûken foar jo."
Doe gong dy man nei it stik lân ta dat de boer him oanwiisde. It wienen allegear stikels, der wie hast gjin bigjinnensein oan.
Hy tocht: ik mat earst mar ris út 'e broek. Hy giet op 'e foarikker sitten, wylst komme der fjouwer studinten oan.
Dy sizze tsjin dy man: "Och heden, hwat ha jo in grouwe kont, man."
Doe sei er: "Dêr kinne jim alle fjouwer tagelyk wol yn mei de poaten." En doe't dat gebeurde, doe hie er de stikels der samar út, hwant de iene skuorde mear as de oare om der út to kommen. Hja prebearren hâldfêst to krijen oan 'e stikels.

Beschrijving
Een man vroeg om werk bij een boer en kon distels uittrekken, maat het was zoveel dat er geen beginnen aan was. Hij trok zijn broek maar vast uit. Toen kwamen er vier studenten aan die zeiden dat hij een grote kont had. De man zei dat ze er allemaal tegelijk met de voeten in pasten. Dat probeerden ze, en toen ze er weer uit wilden graaiden ze om houvast en trokken zo alle distels eruit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1040, verhaal 55 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
26 juni 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21