Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104056

Een mop (mondeling), dinsdag 26 juni 1973

Hoofdtekst

't Gebeurde yn Opper-Koaten ûnder Twizel. Dêr wenne in boer dy wie al hwat op leeftyd, mar dy hie in hiel jonge frou. Dy boer hie ek in feint, dêr gong er moarns mei to melken wylst syn wyfke dan noch op bêd lei.
It wyfke hie net folle oan har man, mar hja mocht dy feint wol lije. En dy feint hàr ek wol.
Op in moarn moest de feint it hynder ophelje út it lân, mar doe wie it hynder fuort. 't Wie de wei út roun, sei er tsjin 'e boer.
De boer en de feint praetten ôf, hja soenen elk in kant út om it hynder to sykjen. (De feint hie it hynder al, mar hy hie it yn 't hea forstoppe yn 'e skuorre.)
De âld boer roan de wei út om it hynder to sykjen.
Wylst giet de feint nei de frou ta dy't noch op bêd leit en dêr wurdt tusken dy twa in bêste put úthelle.
As dat gebeurd is giet de feint achter hûs en slacht it hynder foar de wein. Sa komt de âld boer der oan, trochwiet fan swit.
Doe sei de feint tsjin 'e boer: "Gean jo mar op bêd, boer, hwant jo ha sa'n reis hawn. Ik sil allinne wol melke."
De âld boer komt by de frou op bêd en hy kriget har ûnder 'e tekkens by 't liif en doe wied er trochwiet.
Doe seit er: "Hoe kin dat, datstû dêr sa wiet bist?"
Doe sei se: "Ja jonge, hy hat èk skriemd om 't brúntsje."

Beschrijving

Een oude boer heeft een jonge vrouw. Ze heeft niet veel aan haar man, maar kan het goed vinden met de knecht. De boer en de knecht zijn op het land, als de knecht zegt dat het paard weg is. Hij heeft het paard verstopt en stuurt de boer een kant uit. Ondertussen maakt hij het gezellig met de boerenvrouw, die nog in bed ligt. Als ze klaar zijn, spant hij het paard voor de wagen, en hij stuurt even later de bezwete boer naar bed terug. De boer voelt onder de dekens dat zijn vrouw ook doorweekt is, en vraagt hoe dat kan. Zij zegt: hij huilde ook om bruintje.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1040, verhaal 56 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

26 juni 1973

Naam Overig in Tekst

Opper-Koaten    Opper-Koaten   

Naam Locatie in Tekst

Twizel    Twizel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21