Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104304

Een mop (mondeling), vrijdag 29 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie ris in bakker, dy wenne yn Jistrum. Dy bakker hie boven syn doar stean: Hier leeft men zonder zorgen.
Dat hie dy bakker dêr oanbringe litten.
Hy hie trije soune bern en in leave frou, dat hy hie dêr alle reden ta.
Doe op in dei kaem keizer Napoleon mei syn adjudant en syn gefolch troch Jistrum hinne en doe bleauwen se foar dy bakkerij stean. Doe sei Napoleon tsjin 'e adjudant: "Hwat stiet dêr op dat boerd to lêzen?" (Hwant hy koe sels gjin Hollânsk.)
De adjudant sei: Hier leeft men zonder zorgen.
"Hwat?" rôp keizer Napoleon, "sûnder soargen? Ik sit fòl soargen. Ik wit net hoe't ik Ingelân en Ruslân foroverje mat en sa'n keale, neakene bakker sit sûnder soargen? Adjudant, ik sil soargje dat dy bakker soargen kriget."
Doe stapte de keizer mei syn adjudant de bakkerswinkel yn. De bakker stie achter 'e toanbank in lietsje to fluitsjen. Hy kearde him om doe't er hearde dat der folk yn 'e winkel kaem.
De keizer sei: "Is dat wier, bakker, hwat dêr boppe jou doar stiet?"
"Ja excellinsje", sei de bakker, hwant hy seach wol dat it de keizer wie. "Ik bin in gelokkich man. Ik haw in leave frou en trije bern, en dy binne altyd soun."
Doe sei Napoleon: "Bakker, dan sil ik soargje dat jo soargen krije. Ik sil jo trije riedsels opjaen en as jo dy my net oer in jier op deselde tiid nei wierheit biantwurdzje, dan wurde jo oan 'e heechste beam yn Jistrum ophong. Jo kinne ek net op 'e flucht gean, hwant ik sil in leger hjir om Jistrum hinne hâlde, dat jo net útnaeie kinne."
Doe neamde er de trije riedsels op en doe gong er fuort.
En de bakker liet er achter mei in kop fol soargen.
De bakker gong nei syn frou ta en fortelde har hwat de keizer sein hie.
"Hwat foar riedsels wienen it?" frege de frou.
"It earste riedsel wie: Hoefolle wetter bifetsje alle séën fan 'e wrâld?
It twadde is: Hwa kin it fluchste de wrâld roun gean?
En it trêdde: ik mat de keizer fortelle hwat syn gedachten binne as er oer in jier wer by my yn 'e winkel stiet."
Syn frou sei: "Och jonge, dat kinstû noait wite. Net in minske dy't dat kin. Hy hinget dy fêst op."
Sûnt wie it dei op dei ien stik ellinde yn 't húsgesin fan 'e bakker.
Op in dei pakte de bakker in brekizer en in hammer. Hy gong op 'e leider stean en prebearre it boerd mei de wurden: Hier leeft men zonder zorgen - ôf to brekken. Wylst er dêr sa stie kaem de soan fan 'e mounder der oan. Dat wie in great-jonge dy't nochal hwat achterlik wie.
"Hwat dogge jo nou, bakker," frege er, "mat it boerd der ôf?"
"Ja, Jehannes, dat mat der ôf", sei de bakker. "It is net mear wier hwat der op stiet. Noch in healjier, Jehannes, dan wurdt de bakker ophong oan 'e heechste beam hjir yn Jistrum."
"Mar hwat is der dan, bakker", frege Jehannes.
Doe fortelde de bakker him alles. Ek neamde er de trije riedlingen op, dy't er oplosse moest.
Doe sei de soan fan 'e mounder: "Dat is dochs net sa slim, wol?"
"Net slim?" sei de bakker. "Witstû it dan?"
"Né, ik wit der neat fan, bakker, mar myn heit wòl. Dy kin alle riedsels oplosse. Bakker, lit it boerd dêr mar sitte", sei Jehannes. "Meitsje jo net langer bisoarge, ik sil dat saekje wol foar jo opknappe. Jo matte der foar soargje dat jo in greate kiste krije. Set dy yn 'e bakkerij del en as de keizer wer komt, geane jo yn dy kiste sitten. Jo en ik lykje wol in bytsje op elkoar. Ik sil wol krekt dwaen as bin ik de bakker en ik sil Napoleon de trije fragen wol biantwurdzje."
De bakker krige wer hoop en doe't it jier om wie kaem de keizer wer yn Jistrum en hy gong fuort nei de bakkerij ta.
De soan fan 'e mounder stie yn 'e winkel en de bakker siet yn 'e kiste.
"Nou," sei keizer Napoleon, "dêr wie 'k dan wer."
De 'bakker' fluite in fleurich lietsje.
"Jo binne nochal fleurich", sei keizer Napoleon. "Is it noch altyd wier hwat dêr boppe jou doar stiet?"
"Ja exsillinsje," sei Jehannes, "wy libje noch altyd sûnder soargen."
"Nou, dan sil dat wol net lang mear duorje, hwant wy hawwe al in beam útsocht, dêr't jo oan komme to hingjen", sei de keizer.
"Nou, ik hingje fuort noch net", sei Jehannes.
"Biantwurdzje my dan earst mar ris de earste fraech", sei Napoleon. "Hoefolle wetter bifetsje alle séën fan 'e hiele wrâld?"
"Mar ien ammerfol, excellinsje," sei Jehannes, "as de amer mar great genôch is dat alle wetter der yn kin."
"Geweldich," tocht de keizer, "dy bakker is net sa min."
't Wie in goed antwurd.
"Mar nou de twadde fraech, bakker. Hwa kin it fluchste de wrâld roun gean?"
"De sinne", sei Jehannes.
"Geweldich", tocht de keizer. "Mar nou de trêdde fraech. En nou gieste, bakker. Fortel my nou ris hwat myn gedachten binne op dit momint."
Jehannes sei: "Jo tinke dat jo de bakker foar jo stean ha, mar it is de soan fan 'e mounder."
Doe moest de keizer laitsje en de bakker woarde frijsprutsen.

Onderwerp

AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions    AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions   

ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.    ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.   

Beschrijving

Napoleon komt langs een bakkerij met boven de deur het bordje: Hier leeft men zonder zorgen. De keizer snapt niet hoe iemand zonder zorgen kan leven; hij heeft er zelf in elk geval genoeg. Hij gunt de bakker geen zorgeloosheid en besluit hem kopzorgen te geven. HIj gaat diens bakkerij binnen en legt hem drie raadsels voor. Als hij die niet binnen een jaar heeft opgelost, zal hij worden opgehangen aan de hoogste boom van de stad. De vargen zijn: 1. Hoeveel water zit er in alle zeeën van de wereld? 2. Wat gaat het snelst de wereld rond? en 3. Wat denk ik als ik over een jaar weer voor je sta? De bakkeris hier erg somber over en heeft het al opgegeven, als hij de achterlijk molenaarszoon, die veel op hem lijkt, tegenkomt. Die zal de vargen beantwoorden, terwijl de bakker in een kist zit. Hij geeft de volgende antwoorden: 1. Met één emmer, als die maar groot genoeg is. 2. De zon. 3. Dat ik de bakker ben, maar ik ben een ander. De keizer geeft zich gewonnen, en de bakker mag blijven leven.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1043, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 juni 1973
The shepherd substituting for the priest answers the king's questions

Naam Overig in Tekst

Jehannes    Jehannes   

Naam Locatie in Tekst

Jistrum    Jistrum   

Napoleon    Napoleon   

Engeland    Engeland   

Rusland    Rusland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21