Hoofdtekst
Der wie in boeredochter, dy hie forkearing mei in feint.
Dy feint hie har frege omt hja de dochter fan in rike boer wie. Hy die 't om 't jild.
Dy boeredochter hie in gouden skonk.
Nei forrin fan tiid waerd it fanke siik. Doe hie se wol acht maend forkearing hawn.
En doe stoar se. Doe seinen de âldelju: "Hja mat mar bigraven wurde mei de gouden skonk. It let ús neat om dy skonk. Dy helje wy der net ôf."
De feint wie bot teleurgesteld doe't syn rike faem dea wie.
Hy tocht: ik mat sjen dat ik dy goudene skonk krij, dan haw ik tominsten dochs noch hwat. As ik dy gouden skonk opgroeven ha, dan dogge wy him yn 'e smeltkroes en dan krij ik in klompe goud, dêr't ik in protte jild foar barre kin.
De feint giet by nacht nei 't tsjerkhôf ta nei it grêf fan syn faem. Hy dolt it op. De kiste wurdt nei boppe helle en hy nimt de gouden skonk der út. Dy skonk bringt er forside, hwant net ien mei wite hwat er dien hat.
Sa nou en dan komt er by de âldelju fan 'e faem.
Op in joun sitte de heit en mem fan 'e faem byinoar.
Dan wurdt der kloppe op 'e doar.
"Hé," seit de frou, "wolst ris sjen? Dêr kloppet ien."
De man giet nei de doar ta, mar as er dy iepen docht wurdt er kjel. Syn dochter stiet foar him op ien skonk.
"Mijn been! Mijn been!" ropt se.
"Heb ik je been?" seit de heit.
"Né", seit se, en ynienen is se fuort.
De man komt yn 'e keamer en seit tsjin 'e frou: "Us dochter stie foar de doar, op ien foet. En dy sei: - Mijn been! Mijn been! - Bigrypstû dat? Hoe kin soks."
"Dû hast spoeken sjoen", seit hja. "It bistiet ommers net. Us dochter leit yn 't graef."
"Né, wier," seit er, "'t wie har lûd. Mei ien skonk stie se foar de doar."
Doe waerd der fierder net oer praet.
In dei of hwat letter waerd der wer kloppe op 'e doar.
"Sjoch dû nou ris even", sei de man tsjin syn frou.
De frou gong nei de doar ta. Ja, de dochter wie der wèr.
"Mijn been! Mijn been!" rôp se.
Doe sei har mem: "Heb ik je been?"
"Né", sei se en ynienen wie se fuort.
In pear jounen letter wie de feint by harren op bisite. Hja sieten mei har trijen by elkoar. Doe waerd der wer kloppe op 'e doar. De heit sei tsjin 'e feint:
"Wolstû ris even sjen, jonge?"
De jonge gong nei de doar ta. O, hwat waerd er kjel!
Syn faem stie dêr op ien skonk.
Hja rôp: "Mijn been! Mijn been!"
"Heb ik je been?" sei er.
En doe sei se mei in aeklige stem as in orkaen: "Jaaa!"

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Een boerendochter met een gouden been trouwt met een man die haar alleen vanwege het geld wil. Ze wordt ziek en sterft, en wordt begraven met haar gouden been. Op een nacht graaft de man het op en besluit het te smelten zodat hij rijk wordt. Als hij op een avond bij zijn schoonouders is, wordt er geklopt. Het is het meisje op een been, dat vraagt wie haar gouden been heeft. De vader vraagt of hij het soms heeft, waarop ze antwoordt: nee. De volgende keer komt haar moeder aan de deur, en gaat het op dezelfde manier. De derde keer gaat haar man naar de deur, en op de vraag of hij het soms heeft, roep ze met een vreselijke stem: jaaaa!
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 juli 1973
The Man from the Gallows
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21