Hoofdtekst
In feint en in faem soenen togearre nei de merke ta.
Dy faem wie in bytsje ûnnoazel. Har mem warskôge har, hja moest gjin forkearde dingen úthelje mei de feint, hwant dy feint dat wie nochal hwat in knaep, dy moest men hwat yn 'e gaten hâlde.
Doe't se dan fuort soenen sei har mem: "Nou't jim dochs nei stêd ta gean woe 'k graech dat jimme my seis tinnene leppels meinamen." Dat biloofden se.
Hja pierewaeiden dêr hwat op 'e merke om. Dat wie hjir yn en dêr yn, mar doe gong dy feint der op in stuit stikum even tusken út. Hy makke syn faem wiis dat er in boadskipke dwaen moest, mar hy gong stil nei in winkel ta en kocht dêr seis tinnene leppels.
Op 'e weromreis, doe't se wer op hûs oan gongen, doe sei 't fanke tsjin him: "Nou wyt ik wol hwat wy forgetten ha."
Hy sei: "Nou?"
"Nou ha wy forgetten seis leppels to keapjen", sei se.
Doe sei de feint: "Dat hindert neat, hwant dy kin ik dy wol meitsje."
Doe brûkte er dat fanke, en doe sei er tsjin har:
"Sjoch, hjir hast al in leppel."
Sa flikkert er 't noch fiif kear mei har. Elke kear joech er har wer in leppel oer.
Doe sei de mem de oare moarns tsjin har: "Hoe is 't biteard justerjoun? Koe dyn feint syn fatsoen bihâlde?"
Doe sei hja tsjin har mem: "Hy kin fan alles. Wy hienen de leppels forgetten en doe hat hy se ûnderweis foar my makke."
Doe sei de mem: "Hoe ha jim dat dan hawn?"
Doe sei se: "Hy die syn ding yn myn ding en iderkear hied er wer in leppel."
"Och," sei de mem, "dat kin net, dat bistiet net."
"Ja wier, mem," sei se, "hwant it tin roan my oer de billen."

Onderwerp
AT 1542** - The Maiden's Honor   
ATU 1542** - The Maiden’s Honor.   
Beschrijving
Een dom meisje gaat naar de markt met de knecht. Haar moeder vraagt haar op te passen voor de knecht, dat hij niets met haar uithaalt, en vraagt of ze voor haar 6 tinnen lepels kunnen meebrengen. Als het meisje niet oplet, koopt de knecht de lepels, maar dat vertelt hij niet. Op de terugweg herinnert het meisje zich de boodschap, maar de knecht zegt dat hij wel even een paar lepels kan maken. Hij bedrijft seks met haar en er komt een lepel te voorschijn. Dat doet hij zo nog vijf keer. Als het meisje het aan haar moeder vertelt zegt die dat dat niet bestaat, waarop het meisje zegt: jawel hoor, het tin liep me over de billen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juli 1973
The Maiden's Honor
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21