Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105202

Een mop (mondeling), vrijdag 27 juli 1973

Hoofdtekst

Der wie in jonge, dy wie der mei syn heit op út.
Doe sei er: "Heit, mei 'k in pûdtsje petat?"
Dêr wie dy man net sa hastich mei, dat dy jonge frege al ris wer en al ris wer.
Op 't lêst tocht dy man: ik mat him dochs mar in pûdtsje petat keapje, dan bin ik fan dat forrekte geseur ôf.
It duorre mar even, doe bigoun dy jonge wèr to seuren. "Heit, mei 'k in fleske cola?" Iderkear mar seure om in fleske cola.
Doe sei de heit tsjin dy jonge: "Mast ophâlde fan seuren. Ast my nou nòchris fregest om in fleske cola, jow ik dy in slach om 'e earen."
Mar de jonge frege likegoed wèr om in fleske cola.
Doe waerd dy heit sa lulk, dat hy joech dy jonge in lawibes en sei: "Hjir hast dan in flesse cola."
In skoftsje letter dêr jowt dy jonge syn heit in skop tsjin 'e skynbonke oan dat de man raest it út fan 'e pine. Hy seit tsjin 'e jonge: "Hwat hast nou by de ein?"
"Nou," seit de jonge, "ik jow heit it lege fleske wer."

Beschrijving

Een zoon zeurt bij zijn vader om een zak patat. Uiteindelijk koopt hij die om er van af te zijn. Maar meeteen zeurt hij weer om en flesje cola. De vader geeft hem een klap als hij maar door blijft zeuren, met de mededeling dat dat het flesje cola is. Even later krijgt de vader een harde schop tegen zijn scheenbeen. De jongen zegt: hier, heb je het flesje cola weer terug.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 juli 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21