Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105207

Een mop (mondeling), vrijdag 27 juli 1973

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy wie siik. De feint moest mei 't wetter fan him nei in kwaksalver ta. Dy wenne in hiel ein fuort, dat koe dy feint net yn ien dei birinne.
Dêrom oernachte er yn in herberch.
Hy sei tsjin 'e kastlein: "Sjoch, hjir yn dit fleske sit wetter fan myn boer. Dêr mat ik mei nei de kwaksalver ta. Dêr mat tige op past wurde. Wolle jo dat salang foar my opbergje?"
De kastlein sil 't fleske omheechsette, mar dêr dondert it by de planke del op 'e estrikken. It hiele fleske is stikken en 't wetter fuort.
De kastlein seit tsjin 'e frou: "Dit is net bêst. Hoe mat ik hjir mei oan?"
"Nou," seit de frou, "ik haw noch wol sa'n fleske. Ik pisje der wol even yn, dan hat er doch in fleske mei wetter. Net ien dy't dêr hwat fan fornimt."
De feint komt de oare deis by de kwaksalver, en dy ûndersiket it wetter. Hy hat de mikroskoop en alles der by.
Hy freget: "Fan hwa is dat wetter eins?"
"Dat is fan myn boer", seit de feint.
"Nou," seit de kwaksalver, "siz dan mar tsjin 'e boer dat er yn forwachting is."

Beschrijving

De knecht van een zieke boer moest met zijn urine naar een kwakzalver. Die woonde zo ver weg dat de knecht moest overnachten in een herberg. De knecht vraagt de kastelein het flesje op te bergen. Als de kastelein het op een plank wil zetten valt het kapot op de tegels. De vrouw van de kastelein zegt eenzelfde flesje te hebben en zal daar wel in plassen. De kwakzalver vraagt na onderzoek van de urine van wie de urine is. Op het antwoord van de knecht dat het van zijn boer is, zegt de kwakzalver dat hij dan maar tegen zijn boer moet zeggen dat hij in verwachting is.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 juli 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21