Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105208

Een mop (mondeling), vrijdag 27 juli 1973

Hoofdtekst

Der wie in man, dy moest nei Drachten ta, dêr hied er boadskippen. Syn frou sei: "Ast dêr nou dochs hinne giest, koest my ek wol in directoir meinimme."
De man die syn boadskippen en doe gong er nei de manufakturesaek fan Bonne de Boer by de brêge.
Hy kocht dêr in directoir en sei: "Ik lit it pakje hjir even lizze, dan helje ik it aenst wol an."
De tram stopte by 't postkantoar. Doe't er dêr wie en ynstappe soe kaem 't him yn 't sin dat er noch in pakje by Bonne de Boer lizzen hie. Dat moest er noch ophelje.
By 't postkantoar moesten se altyd de post út- en ynlade. Doe sei er tsjin 'e kondukteur: "Hoe lang stean jim hjir noch?"
"Nou," sei de kondukteur, "op syn heechst fiif minuten."
De man as de donder torêch nei Bonne de Boer.
Doe't er dêr oankaem yn 'e winkel, sei er: "Jow my hurd it pakje." De winkeljuffer sei: "Hokker pakje bidoelt mynheer."
Hy sei, gleonhastich: "Dêr siet yn -" Hy koe net op it wurd komme. Doe sei er mar gau: "Jo witte wol, strûp del, strûp del, hwant hy stiet mar fiif minuten."

Beschrijving

Als een man naar Drachten gaat om boodschappen te doen vraagt zijn vrouw hem een directire voor haar mee te nemen. Bij de manufaturenzaak koopt hij een directoir, en zegt het pakje later op te halen. Toen hij in de tram wilde stappen bedacht hij dat hij nog het pakje moest ophalen. De conducteur zei dat de tram nog 5 minuten zou wachtten. In de winkel vroeg hij om het pakje. Hij kon niet op het woord directoire komen en zei daarom: “U weet wel, naar beneden, naar beneden, want hij staat maar 5 minuten.”

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 juli 1973

Naam Overig in Tekst

Bonne de Boer    Bonne de Boer   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21