Hoofdtekst
In heit en in mem en in ûnnoazele soan, dy wienen mei har trijen op stap. Hja hâldden yn in hotel ta.
Doe't se op bêd wienen sei de man tsjin 'e frou: "Nou't wy nou doch op stap binne en wy sliepe op in oar bêd, nou koenen wy ek noch wolris in kunstke dwaen."
De jonge, dy't dêr njonken lei yn 't oare keammerke hearde dat allegear an en kloppe op it sket en sei: Hwat ha heit en dy dêr by de ein? Doe sei dy man: "Ik en jim mem binne oan 't sabeare boartsjen. Dat wie mei de sneltrein."
Doe sei de jonge: "Gean ik dan net mei?"
"Né," sei de heit, "dû mast dysels mar rêdde."
"Nou," sei dy jonge, "dat doch ik dan ek wol. Dan gean ik mei de hankarre."

Beschrijving
Een echtpaar met een onnozele zoon overnacht in een hotel. De man stelt zijn vrouw voor om te vrijen. De jongen in de kamer er naast hoort alles en vraagt wat ze doen. De man zegt dat ze de sneltrain nadeden. Als de jongen vraagt of hij niet mee mag zegt de vader dat hij zichzelf maar moet redden. De jongen zegt dat hij dan wel met de handkar gaat.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1052, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juli 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21