Hoofdtekst
Op in kear kaem er út Dútslân wei. Hy wie de grins oer rekke sûnder in sint op sak. Hy hie och sa'n honger, mar hoe moest er oan iten komme sûnder jild.
Hy wie yn Grinslân. Hy stapte in bakkerswinkel yn en sei tsjin 'e bakker: "Ik moest in stút fan jo ha."
De bakker kom der mei in bôlle oan en soe sy yn in papier dwaen, mar Hindrik sei: "Dat hoeft net. Jow him my sa mar. Ik yt him dochs fuort op", en hy treau him ûnder 'e jas. Doe bigoun er hiel bot mei de fuotten to trappeljen en sei:
"Bakker, waar is je kakhuus,
anders skyt ik in je bakhuus."
Doe sei de bakker: "Der út! Der út!" en hy treau Hindrik ta de winkel út.
Dy liet dat stil gewurde. Hy hie in bôlle foar nul sinten, en dêr wie 't him krekt om to dwaen west.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Hindrik van der Molen   
Hendrik van der Molen   
Hindrik Pikelhearring   
Hendrik Pekelharing   
Naam Locatie in Tekst
De Pein   
Opende (Gr.)   
Duitsland   
Groningen   
Dútslân   
Grinslân   
