Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105405

Een raadsel (mondeling), zondag 05 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wie op in plak in tol op in brêge. Dêr moest in koopmantsje oerhinne mei in hiele keppel drinten.
Doe gong er nei de tolgaerder ta en doe sei er tsjin 'e tolgaerder: "Kinst it ek in bytsje skikke hwat de priis oangiet?" Hwant hy moest per stik safolle bitelje.
"Nou," sei de tolgaerder, "ik wit in goeije rie. Astû der foar soargeste dat net ien fan 'e drinten op 'e brêge skyt dan komst der gratis mei dyn fé oerhinne."
It koopmantsje tochte: "Dat komt klear."
Doe sette er alle skiep achter elkoar. De twadde sette er mei de snute yn 'e kont fan 'e earste, de trêdde mei de snute yn 'e kont fan 'e twadde, en sa fierder. Dat gong hiel bêst.
Mar doe't se der omtrint oerhinne wienen, doe sei de tolgaerder: "Hoe is 't eins mei dat lêste skiep gong?"
(dit is in riedling, en feitlik heart dyjinge dit to freegjen oan hwa't it forteld wurdt.)
It koopmantsje sei: "Dan dochstû de noas dêr mar yn."

Beschrijving

Een koopman met een kudde Drentse schapen moest over een brug met een tol. Als geen van de schapen op de brug zou poepen hoefde geen tol betaald te worden. De koopman zette alle schapen achter elkaar, de tweede met de snuit in de kont van de eerste, de derde met de snuit in de kont van de tweede, enzovoort. Dat ging goed. Bijna op het laatst vroeg de tolgaarder hoe het met het laatste schaap was gegaan. {Dit is een raadsel en eigenlijk moet het aan degenen aan wie het verteld wordt gevraagd worden]
De koopman zei: “Dan doe jij de neus er maar in.”

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 augustus 1973

Naam Overig in Tekst

Drents    Drents   

drints    drints   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21